Provinsje stipet plan foar 'ynterfrysk kultuerparlemint' mei Ostfriesland en Nordfriesland

Fryslân soe besykje moatte om mear gear te wurkjen mei Ostfriesland en Nordfriesland yn Dútslân. Deputearre Sietske Poepjes hat mei de Eastfryske boargemaster Arno Ulrichs ôfpraat om as earste stap in 'ynterfrysk kultuerparlemint' byinoar te roppen foar politisy en bestjoerders út de trije Fryslannen.
Mear oparbeidzje leit neffens deputearre Poepjes foar de hân, want de gebieten hawwe mienskiplike woartels én fergelykbere útdagingen. It stribjen is om takom jier foar it earst in gearkomste fan sa'n ynterfrysk kultuerparlemint te organisearjen. As it wat meisit, is takom jier de earste sitting oer twa dagen.
Poepjes sjocht kânsen foar de gearwurking tusken de trije Fryslannen. "Ik pak dit hiel graach op om der foar te soargjen dat der al yn 2023 in moaie byienkomst komt", seit Poepjes. It kultuerparlemint sil yn alle gefallen prate oer it beskermjen en fersterkjen fan de ferskate farianten fan de Fryske taal. Mar ek sil it teset mei oare tema's, lykas enerzjytransysje en klimaatferoaring.
Ik tink oprjocht dat wy as Friezen sterker steane as wy guon saken meiïnoar oppakke.
It ynterfryske kultuerparlemint wurdt as it oan Poepjes leit gjin frijbliuwende praterij, mar in gearkomste mei in mienskiplike resolúsje, dy't wer brûkt wurde kin by de nasjonale oerheden yn Den Haag en Berlyn en ek by de Europeeske Uny. "Ik tink oprjocht dat wy as Friezen sterker steane as wy guon saken meiïnoar oppakke."

Yn rûnten fan de Ynterfriesisicher Rat, it kulturele gearwurkingsferbân, wurdt al langer harsenskrabbe oer mooglikheden om de Fryslannen mear gearwurkje te litten. Poepjes wie earder alris te gast yn Berlyn by it Friesengremium, it oerlisorgaan fan de Dútske Friezen mei it Dútske regear. Troch corona krige dy moeting yn earste ynstânsje gjin ferfolch.
Earste moeting
Arno Ulrichs fan de Friesenrat yn Ostfriesland en Sytze T. Hiemstra fan de Fryske Rie hawwe no it inisjatyf nommen foar it ynterfryske kultuerparlemint. De earste moeting sil nei alle gedachten plak fine yn Ostfriesland, want dat leit sintraal.
Wat de taal fan dat ynterfryske parlemint oanbelanget hat it de foarkar fan Poepjes dat elts safolle mooglik de eigen taal prate kin. "Sa haw ik dat mei Ulrichs ek dien. Hy praat Platdútsk en frij aardich Nederlânsk. As ik net te fluch Frysk praat, kinne we inoar goed ferstean."