Neist Noppert meie ek Fryske assistint-skiedsrjochters hoopje op WK-finale

Hessel Steegstra, skiedsrjochter Danny Makkelie en Jan de Vries © Orange Pictures
Andries Noppert hat syn fisitekaartsje al ôfjûn op it wrâldkampioenskip fuotbal. Mar der binne mear Friezen dy't it goed dwaan wolle yn Katar: assistint-skiedsrjochters Hessel Steegstra fan Snits en Jan de Vries fan Gytsjerk.
It Nederlânske skiedsrjochtersteam, dat ûnder oanfiering stiet fan Danny Makkelie, is ien fan de 36 op dit WK. Steegstra, sels âld-skiedsrjochter en no al jierren assistint, foarmet al lang in team mei Makkelie.
De Vries sit der sûnt oardel jier by, doe't er it stokje oernaam fan Ljouwerter assistint-skiedsrjochter Mario Diks. Foarich jier wiene Steegstra en De Vries ek al by it Europeesk kampioenskip.
Mar, it wrâldkampioenskip is fansels hiel wat oars. Der binne trije Fryske assistint-skiedsrjochters dy't harren foargiene: Jan Dolstra, Jaap Pool en Erwin Zeinstra. It trijetal hat hege ferwachtingen fan harren opfolgers.
Jan Dolstra © ANP

Jan Dolstra

De earste Fryske assistint-skiedsrjochter op in wrâldkampioenskip fuotbal wie Jan Dolstra fan De Westereen. Op it WK fan 1994 flagge hy fiif wedstriden, wêrûnder ien dêr't Maradona oan meidie. Dêroer fertelde Dolstra ferline jier yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Dolstra hat noch wol oantinkens oan it WK fan 1994. Hy wie dêr mei skiedsrjochter Mario van der Ende. Oranje die ek mei. "We seagen Nederlân tsjin Ierlân en by de 1-0 foar Nederlân joecheide ik. Mario sei tsjin my: 'Wat doe jij nou?', dus ik sei: 'Het is 1-0 voor Nederland!'. Doe sei Mario: 'Als ze doorgaan, gaan wij naar huis'. Ik tocht der net by nei."
"Ik ha sels earst ek in Europeesk kampioenskip fuotbal meimakke, mar in WK is in folle grutter spektakel", seit Dolstra. Dat ûnderskriuwt Zeinstra. "In WK is wol wat spesjaals. It grutte foardiel is dat se al in EK meimakke hawwe."
Dat de EK-ûnderfining Steegstra en De Vries helpt, is Pool wis fan. "Op papier is een WK groter, maar in de praktijk is een wedstrijd een wedstrijd. Het is niet zwaarder dan een EK-wedstrijd. Of er twee of vier miljard mensen kijken, je weet dat in beide gevallen heel veel mensen kijken."

Lange tarieding

Steegstra en De Vries sitte al twa wiken yn Katar. Sa binne se optimaal taret op de omstannichheden fan it WK. Se traine alle dagen en liede ek wolris in trainingswedstriid. "Ik bin derfan oertsjûge dat se der hielendal klear foar binne", seit Dolstra, dy't it twatal yn it ferline noch begelaat hat.
Pool hat út syn funksje by de KNVB wei geregeld kontakt mei Makkelie en syn assistinten. "Ze hebben het reuze naar hun zin en ze zijn er helemaal klaar voor. De eerste weken in Qatar hebben ze flink getraind en testen ondergaan."
Jaap Pool (rjochts) op it WK fan 2002 © ANP

Jaap Pool

Acht jier nei Jan Dolstra stie mei Jaap Pool fan Aldeberkeap de folgjende Fries oan de sydline fan in WK. Yn 2002 wie Pool aktyf by in romrofte wedstriid, dy tusken Uruguay en Senegal. Skiedsrjochter Jan Wegereef joech tolve giele kaarten en fluite foar twa schwalbes.
Pool flagge yn totaal trije wedstriden op dat toernoai. No is hy wurksum by de KNVB yn de technyske stêf fan de skiedsrjochters. Ut dy funksje wei is hy ien fan de begelieders fan Steegstra en De Vries.
It WK is snein úteinset en it wachtsjen is noch wol op de earste wedstriid dy't it Nederlânske skiedsrjochtersteam liede mei. Oant no ta hawwe se noch gjin duel tawiisd krigen.

Ungeduldich

Dat fine se wol lestich, tinkt Zeinstra. "Wolst sels op in gegeven momint ek wol graach. Dy spanning spilet wol mei."
Sels makke de Rypster op in WK dy spanning ek mei. Al koe er wolris wat weromfiere út trainingen fan de skiedsrjochtersploegen. "Yn Ruslân en Brazilië trainden we op meardere fjilden. Ast by de fjildyndieling op fjild ien sietst, dan wist: we binne hast oan de beurt."
Het is een goed teken dat je eventjes moet wachten.
Jaap Pool oer de earste wedstriid fan 'Team Makkelie' op it WK
Pool begrypt dat se graach úteinsette wolle, mar tagelyk tinkt de Aldeberkeaper dat it posityf is dat se noch gjin wedstriid tawiisd krigen ha. "Ze zijn zuinig in het begin en worden alleen ingezet bij zware groepswedstrijden. Daarna zullen ze waarschijnlijk vaker aan bod komen. Het is een goed teken dat je eventjes moet wachten."
Dolstra slút him dêr by oan. "Ik tink dat se letter ynstreame en dat is in goed teken."
Erwin Zeinstra (links) op it WK fan 2018 © ANP

Erwin Zeinstra

De meast resinte Fryske assistint-skiedsrjochter op in WK is Erwin Zeinstra fan Dronryp. Yn 2014 en 2018 flagge hy totaal sân wedstriden op it grutste toernoai fan de wrâld, oan de side fan skiedsrjochter Björn Kuipers.
Yn 2014 wiene se hiel ticht by it lieden fan de finale. Oant it Nederlânsk alvetal de heale finale helle. "Dat hat ús dwerssitten", seit Zeinstra dêroer. Hy is noch hieltyd in kollega fan Steegstra en De Vries, want Zeinstra flagget noch yn de earedivyzje.
De trije manlju binne it deroer iens: Team Makkelie heart by de top fan Europa, kwa skiedsrjochters. En dus binne Steegstra en De Vries ek automatysk kânshawwer om fier te kommen yn it toernoai. "Danny stiet heech oanskreaun. Ik tink dat er in kandidaat wêze kin foar de finale", seit Dolstra.

Oranje moat útskeakele wurde

Pool: "Dit team is klaar voor een finale, als ze geen pech hebben en Oranje eruit ligt."
Zeinstra slút him dêrby oan. Mar ja, it Nederlânsk alvetal moat dus wol meihelpe. "In oantal faktoaren spilet mei. Sa as hoefier't Oranje komt. Want as dyn lân de heale finale hellet, bist klear. En mei dit Nêderlânsk alvetal witst it gewoan net."
Erwin Zeinstra (rjochts) neist Jan de Vries (links) en Hessel Steegstra (midden) © Omrop Fryslân, Andor Faber
In oare faktor is de polityk fan de FIFA. Dêrby spilet mei fan hokker kontinint de skiedsrjochter komt dy't de lêste WK-finale fluite hat. Yn dit gefal wie dat yn 2018 in Súd-Amerikaan. "En dus is de kâns no grutter op in Europeaan", tinkt Dolstra.
Ik bin gewoan senuweftich as ik nei se sjoch.
Jan Dolstra oer de Fryske assistinten
Mar hoe't it mei de finale komt, is noch takomstmuzyk. Earst de groepsfaze. Neffens Pool binne Spanje tsjin Dútslân en Argentinië tsjin Meksiko pûlwedstriden dy't Team Makkelie krije kin. "Uiterlijk rond het weekend zal er wel een wedstrijd worden aangewezen, vermoed ik."
Zeinstra is sels blessearre en hat alle tiid om syn Fryske kollega's te folgjen, thús foar de telefyzje. "Se moatte soargje dat se it goed dogge en se moatte wat gelok ha. Eltse wedstriid moast wer in folgjende fertsjinje."
Ek Dolstra sil de beide Friezen op de foet folgje, út syn Dútske wenplak wei. "Myn frou seit wolris: 'Jij zegt nog altijd 'jouw jongens'. Ik bin gewoan senuweftich as ik nei se sjoch."