Skok om sluting basisskoalle yn De Pomp is grut: "It is ferskriklik"

CBS De Wegwijzer yn De Pomp © RTV NOF
De skok dreunt tiisdei noch hieltyd nei yn De Pomp, nei't de jûn derfoar bekend makke waard dat CBS De Wegwijzer ynkoarten de doarren slute moat. Alden dy't de bern nei skoalle brochten, "binne der noch hieltyd fan ôf".
Heit Tjipke Heidstra, dy't koartlyn al foar ien fan syn bern út groep 7/8 in oare skoalle sykje moast, komt no opnij yn dy situaasje. "Mar no foar de dochter. Dy hiene we hjir mei opsetsin noch op skoalle litten. Ek om it doarp heech te hâlden, sis mar."
Basisskoalle De Wegwijzer yn De Pomp slút de doarren
Heidstra hie ek gjin foargefoel, nei it ôfstjitten fan de groepen 7 en 8. "Nee, dat foargefoel hie ik net. Ek omdat se ús tasein hiene dat se yn elk gefal dit skoaljier en takom skoaljier gewoan trochgean soene."
Erik Bijma, ek heit fan ien fan de bern op de slutende basisskoalle, begrypt der neat fan. "Ze hadden ons eigenlijk beloofd om de school nog anderhalf jaar open te houden, maar dat is in anderhalve maand over, schijnbaar." Ek wie it lestich om it minne nijs oer te bringen oan syn soan. "Hij heeft vannacht niet heel goed geslapen en was vanochtend ook alweer vroeg wakker."
Heiten Tjipke Heidstra en Erik Bijma by CBS De Wegwijzer
Bestjoerder Heidi Rubingh fan Arlanta, dêr't De Wegwijzer ûnder falt, seach gjin oare útwei mear as sluting. "Er is geen vaste directeur meer, dat wordt nu ingevuld door een interim-directeur. Ook hebben we geen kwaliteitsondersteuner meer en er is inmiddels nog één leerkracht over."
Dêr komt by dat de ûnderwiisynspeksje it oardiel 'zeer zwak' joech. "Dus moesten we ook met een verbeterplan komen, maar zonder vast team is dat onmogelijk."
In oantal wiken lyn beloofde Rubingh oan de âlden, dat it ôfstjitten fan groep 7 en 8 gjin oanlieding wêze soe om de skoalle hielendal slute te moatten. "Dat is uiteindelijk ook niet de aanleiding geweest, maar ik kan niet meer garanderen dat er gekwalificeerd personeel is dat het onderwijs aan de leerlingen kan geven."
© RTV NOF
Sa soarget it leararetekoart yn it basisûnderwiis foar de earste sluting yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Foar de kommende twa wiken is der ferfanging regele, mar tiisdeitejûn sil der oerlein wurde mei de âlden oer hoe't it no fierder moat, seit Rubingh.
It kin nammentlik ek sa wêze dat De Wegwijzer folle earder as de maitiidsfakânsje de doarren slút, as de learlingen allegear in plakje hawwe op in oare skoalle. "Maar daarover ga ik eerst in gesprek met de ouders", beslút Rubingh.
Bestjoerder Heidi Rubingh fan Arlanta
Wethâlder Jouke Douwe de Vries fan Underwiis yn de gemeente Noardeast-Fryslân fynt it tige spitich dat de skoalle tichtgiet. "We ha der yngreven op trochfrege: moat dit sa en kin dit sa? Mar doe kamen wy dochs ta de konklúzje dat sy echt mei de rêch tsjin de muorre stean."
De gemeente hat gjin foech oer de kristlike skoalle, mar hat der wol goed kontakt mei. "We ha hiel goede kontakten mei alle skoallen en skoalkoepels", seit De Vries. "Ek mei doarpsbelang yn dizze saak. It is by alle partijen mei pine yn it hert dat dit beslút nommen is."
Yn Noardeast-Fryslân binne ferskate lytse skoallen, mar der binne neffens De Vries gjin sinjalen dat dêr itselde spilet as by De Wegwijzer. Wol sil de gemeente yn petear mei Arlanta. "Om te sjen hoe't we dêr yn de takomst mei omgean moatte. Ik tink dat it wol hiel bot nedich is om hjir in goede takomstfyzje op te hawwen."
Wethâlder Jouke Douwe de Vries