Andries Noppert skriuwt syn eigen jongesboek: "Hy moast en soe slagje"

"It is prachtich. Hielendal as je witte watfoar tsjinslach Andries hân hat. Dit is in jongesboek." Sa reagearret heit Fokko Noppert op it debút fan syn soan yn it Nederlânsk alvetal.
Moandei stie Andries Noppert ûnder de latte foar it Nederlânsk alvetal yn it WK-duel tsjin Senegal (0-2 oerwinning). It wie syn debút yn Oranje. In jier lyn hie nimmen dat tocht, want Noppert hat nochal wat tsjinslach hân yn syn karriêre.
Earst gjin keeper
Noppert begûn syn fuotbalkarriêre by SC Joure. Bouke van der Meulen wie syn earste trainer. Noppert wie doe noch gjin keeper. "Ik fyn it hiel wichtich dat eltsenien wit wat it keepersfak ynhâldt", leit Van der Meulen út. "Dêrom keepten alle spilers by ús in helte. Andries wie yn dy tiid in echte ferdigener."
Van der Meulen omskriuwt Noppert as 'bikkelhurd'. "Moatst him twa kear foarby. Hy is in echte winner", seit de trainer. Van der Meulen priizget de wize wêrop't Noppert mei tsjinslach omgie. "As it by trainingspartijtsjes bygelyks 4-3 wie, smiet ik de 'gouden bal' deryn, dy telde dan foar tsien punten. As se dy dan tsjin krigen, dan hienen guon de triennen yn de eagen, mar Andries learde dêrmei om te gean."
"Technysk wienen der guon better, mar hy hie trochsettingsfermogen en mocht graach leare", fertelt Van der Meulen. "Wy waarden dat jier kampioen. Se gienen foar elkoar troch it fjoer, Andries foarop."

Doe't Noppert nei de E'tsjes gie, moast hy seleksjewedstriden spylje, mar der wienen te min keepers. "Doe ha se tsjin Andries sein: gean do mar op goal", seit heit Fokko Noppert. "Dêr wie ik yn earste ynstânsje net foar, mar hy wie hartstikke fanatyk. De dei foar de wedstriden sliepte er yn it keepersshirt fan SC Joure."
It proffuotbal yn
Yn 2005 kaam Noppert yn de jeugdoplieding fan sc Hearrenfean. Dy trochrûn er hielendal, wêrnei't er yn it seizoen 2013/2014 fjirde doelman wie by it earste alvetal efter Kristoffer Nordfeldt, Brian Vandenbussche en Chiel Kramer.
By Hearrenfean koe Noppert de konkurrinsjestriid net winne. Hy luts nei NAC Breda, dêr wie doarpsgenoat Jelle ten Rouwelaar de earste doelman. Op 23 april debutearre Noppert yn it betelle fuotbal (1-1 tsjin Almere City FC). Doe't Ten Rouwelaar oan de ein fan dat seizoen ophold, like Noppert earste doelman te wurden yn Breda, mar nei trije wedstriden bedarre er op de bank.
"It is der no wol wat út, mar Andries wie altyd wol in bytsje in feestnûmer", seit Fokko. "Dêr hat hy mei Joeri de Kamps wol in echte fuotbalmaat oan oerholden."
It wurd 'ophâlden' kaam yn syn wurdboek net foar. Hy moast en soe slagje.
Noppert besocht it dêrnei yn Italië: by Foggia, dat útkaam op it twadde nivo. Dêr spile er mar acht wedstriden en syn krekt oanskafte Audi A6 waard ek noch stellen. By FC Dordrecht like it lang om let de goede kant op te gean mei de karriêre fan de Jouster, mar nei twa wedstriden rekke Noppert swier blessearre.
"Der waard wolris tsjin Andries sein: miskien moatst ris wat oars dwaan, mar it wurd 'ophâlden' kaam yn syn wurdboek net foar. Hy moast en soe slagje", seit Fokko Noppert.
Andries Noppert lústere net nei it advys. "As hy in bepaald doel foar eagen hat, dan giet hy der foar 200 persint foar. Dat wurdt allinnich mar fersterke troch tsjinslaggen", seit André Zeldenthuis, de neef fan Andries Noppert.
Zeldenthuis hat jierren keeper west by it earste alvetal fan SC Joure. Boppedat hat hy in skoftke by Harkemase Boys ûnder de latte stien. Hy wit dus wêr't er it oer hat.
Noppert pakt syn kâns
Noppert bedarre yn it seizoen 2020/2021 by Go Ahead Eagles. Dêr wie er yn earste ynstânsje twadde keeper. Fan trainer Kees van Wonderen krige er op 18 jannewaris 2022 de kâns om him sjen te litten yn de bekerwedstriid tsjin sc Hearrenfean. Noppert keepte in fantastyske wedstriid en stie syn basisplak nea wer ôf.
"Je moatte wol de kâns krije en dat is ek wat er juster yn it ynterview mei de NOS bedoelde", seit Zeldenthuis. Tsjin de NOS sei Andries Noppert: "We zitten in Nederland altijd te zeiken dat we geen goede Nederlandse keepers hebben. Maar je moet jonge keepers ook de kans geven."
Doe't Noppert de kâns krige, hat hy him mei beide hannen oanpakt. Nei in goed healjier by Go Ahead Eagles kaam Noppert werom by sc Hearrenfean. Ek dêr docht er it hiel goed: yn fjirtjin wedstriden krige er mar trettjin tsjindoelpunten. Allinnich FC Twente hat minder treffers ynkassearre.

Bûnscoach Louis van Gaal seach de goede prestaasjes fan Noppert ek en naam him op yn syn WK-seleksje.
Sûkeladefuotbalskoech
Nei al dy tsjinslaggen like soks ûnmooglik. Dochs hie neef Zeldenthuis der wol rekken mei holden. "Ik hie earder alris tsjin him sein: 'Ast dizze line trochlûkst, dan moatst net raar opsjen datst it Nederlânsk alvetal hellest'. Doe sei er: 'As dat sa is, yt ik myn skoech op'. Dus no ha ik him mar in sûkeladefuotbalskoech opstjoerd."
"It bliuwt bysûnder dat hy it oprêden hat", seit Van der Meulen. "Syn 'wilskracht' hat him rêden. Der wienen genôch minsken dy't seinen dat er mar better ophâlde koe."
Ik hie pikefel doe't ik it hearde. Ofrûne jier siet er noch by Go Ahead Eagles en in skoftke letter stiet er op it WK, geweldich!
Moandei krige Noppert sels in basisplak yn it duel mei Senegal. It wie syn debút foar Oranje, nota bene op in WK. In pear dagen earder hie Noppert syn famylje al witte litten dat it der foar him goed út seach.
"Ik tocht dat Van Gaal wol foar ûnderfining kieze soe, mar myn frou hat altyd al sein: Andries stiet grif ûnder de latte", seit heit Noppert.
"Ik hie pikefel, doe't ik it hearde", seit Zeldenthuis. "Ofrûne jier siet er noch by Go Ahead Eagles en in skoftke letter stiet er op it WK, geweldich!"
In goede wedstriid
Zeldenthuis siet fol spanning foar de telefyzje. Hy seach dat Noppert in goede wedstriid spile en de 'nul' hold.
De neef hat, as âld-keeper, in klik mei Noppert. "Wy kinne sparre oer bepaalde saken. As ien in bal trochlit, dan kinne minsken prottelje, mar ik kin der dan ek wol oars nei sjen." Zeldenthuis fûn dat Noppert it prima die. "Dy bal dy't rjocht op him ôfkaam bygelyks, dy ferwurket hy kreas nei de bûtenkant sadat der gjin rebound komt."
Ek keepersspesjalist Harm Zeinstra fûn dat Noppert goed keepte. "Hy strielde rêst en selsfertrouwen út. Dat fûn ik hiel knap fan him. It like der wat op dat syn meispilers him net belêste woenen mei weromspylballen. Yn de lêste tsien minuten feroare dat. Doe hie er folle mear balkontakten en dêr kaam de 2-0 ek út."

Nei it earste suksesfolle WK-optreden oerhearsket grutskens by syn earste fuotbaltrainer. "Andries wie earder al letterlik in grutte, mar ik hie net ferwachte dat hy sa'n grutte spiler wurde soe. Mar wat is it moai dat hy it helle hat. Ik bin sa grutsk op dy jonge."
Dat is syn famylje ek, al reagearret heit Fokko nochter. "Wy genietsje der ek fan. We binne hartstikke grutsk. Yn it begjin tochten we wolris: oeh, as dit mar goed giet. Mar dy line giet omheech en dêr wenne je ek wer oan. No hawwe we net mear as sûne spanning."
Fokko Noppert en syn frou sille tongersdei nei Katar ta om dêr de folgjende wedstriid te sjen. "Dat wurdt in hiele ûnderfining."