HEA! Wei fan VW

HEA! Kooistra en de VW-miniatueren
It begûn dermei dat syn suske in miniatuer VW-buske hie, en dat fûn hy wol moai. No hat Gaele Kooistra tegearre mei syn frou Linda it hiele hûs der fol mei te stean. Net allinne VW-miniatueren, mar ek stikkers, kaaihingers, posters en wat al net fan it ikoanyske buske.
Gaele en Linda binne fiif jier lyn ek troud mei in VW-buske, en dat wie foar harren geweldich, want sels ha se net in echten. Dat bliuwt foar it stel de grutte dream: in eigen VW-bus te hawwen. Foarearst sliepe en dreame se noch mar ûnder in VW-dekbêd.