Bern karre Planetarium fan Frjentsjer goed

It Planetarium yn Frjentsjer © ANP
It Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer hat it stimpel Kidsproof krigen. Dy titel krijt in museum net samar: it moat dêrfoar teminsten in acht krije út ferskate beoardielings fan bern fan fjouwer oant tolve jier.
It is dêrmei ien fan de fiif nije musea yn Nederlân dy't harsels Kidsproof neame meie. It keurmerk moat dúdlik meitsje dat it museum goed op bern ynrjochte is. Neffens Vera Carasso, direkteur fan de Museumferiening binne Kidsproof keurmerken de "Michelinsterren in de museumwereld."
"De eerlijkste bezoekers, de kinderen zelf, beoordelen de musea", seit Carasso. "Dit legt de lat hoog en daagt musea uit te programmeren wat kinderen spannend en interessant vinden. Het label Kidsproof is het afgelopen decennium uitgegroeid tot een felbegeerd keurmerk waar duizenden kinderen aan meewerken."
Yn Fryslân wienen al twa oare musea dy't neffens bern Kidsproof binne: it Fries Scheepvaart Museum en Natuurmuseum Fryslân. Yn totaal telt Nederlân no 55 musea mei keurmerk.