Blog: Op de camping by de Postma's en de Bouwmeesters

We ha ús wurkterrein hjoed ferlein fan Londen nei Weymouth. Fan 'e moarn om 10.00 oere binne we op de trein stapt en nei dik trije oeren wiene we op it plak fan bestimming. Earst it spul fuortbrocht nei it Guesthouse dêr't we twa nachten ferbliuwe. Net sa grut en we sliepe gesellich op in twapersoansbêd. Ach, dat oerlibje we wol, want yn jannewaris (doe't we yn Londen wiene foar de kwalifikaasje fan Epke Zonderland) leine Dirk en ik fjouwer nachten leppeltsje-leppeltsje...
Weymouth is te fergelykjen mei Skeveningen. In gesellich drokke bûlevaar by it strân en in protte minsken. We ha in oantal punten besocht dêr't we moarn (snein) filmje kinne by de medaljerace fan Pieter-Jan Postma yn de Finn-klasse. Postma stiet tredde, op grutte achterstân fan de nûmers ien en twa. Brûns liket dat ek it heechst helbere foar de man fan Terkaple, mar dat soe fansels ek in fantastyske prestaasje wêze. Postma soe dan de earste Fries sûnt 1996 wêze dy't in medalje pakt op de Simmerspelen.
Syn famylje sjocht it yn elts gefal wol sitten. Sy ferbliuwe op in camping tichtby it Olympyske wetter yn in grutte steancaravan. Dat jildt ek foar de famylje Bouwmeester, dy't in pear plakjes fierderop stean. We ha beide famyljes opsocht om te sjen hoe't se nei it momint suprême talibje. We mochten sels iten bliuwe by de Bouwmeesters en ik koe dêr ek myn wurk even dwaan (sjoch foto). In hiele relaxte sfear en benammen Marit Bouwmeester kin rekkenje op in grut tal supporters. Neist har âlden, broer en sus kamen leafst trije auto's fol mei omkes, tantes, neefkes en nichtjes nei de camping. Wat in feest! Mei dizze stipe moat der dochs ek foar har in medalje ynsitte?! Se giet sels foar goud en stiet op dit stuit op in dield earste plak. As se de medaljerace moandei wint is it goud binnen. Mar moarn earst Pieter-Jan Postma. Wy winskje him in protte súkses ta!
Jan Vincent van Zuiden (Twitter: @JVvanZuiden)