Kommisje foar 60ste kear byinoar oer oerlêst fleanbasis: "Hiele feroaring fan F-16's nei F-35's"

In F-35 op de fleanbasis yn Ljouwert © ANP
De Commissie Overleg en Voorlichting Milieu (COVM) fan it Ministearje fan Definsje kaam juster foar de sechtichste kear byinoar om te praten oer de oerlêst fan de fleanbasis yn Ljouwert.
Neffens Geert Verf fan de kommisje bliuwt it tal klachten fan omwenners heech.
"De oerlêst is per saldo sa'n fiifhûndert klachten leger as ferline jier. Ferline jier wie ek in bysûnder swier jier mei in wapenynstrukteursoplieding en twa ynternasjonale oefeningen", relativearret Verf. "Dit jier wie dat oars, mei in lytsere operaasje Frisian Flag en de besite fan de Amerikanen."
Nettsjinsteande it relatyf rêstige jier op de fleanbasis komme der noch sa'n 1500 klachten út, seit Verf. "En dat is te heech, dêr moat wat oan dien wurde. Yn de tiid fan de F-16 sieten we op 300, 400 yn trochsneed, dat is folle oantrekliker. Elke klacht is tefolle, mar hielendal sûnder klachten sil nea slagje."
It is neffens Verf wichtich dat sjoen wurdt nei de klachten, benammen om trends te ûntdekken. Dy kinne liede ta kwaliteitsferbetteringen.
Ien ûntwikkeling fynt er yn alle gefallen posityf: "De F-35 hat in hiele goede fleantúchsimulator. Dêr kinne hast fjirtich prosint fan de flechten yn dien wurde, dat skeelt bygelyks wer jûnsflechten."
In F-16 op de fleanbasis yn Ljouwert (argyf) © Omrop Fryslân
Op it oerlis binne ek de resultaten fan in grut sûnensûndersyk fan de GGD bekendmakke. Der ha wol mear minsken lêst fan lûdshinder, mar de luchtkwaliteit liket goed. "Der wie ûngerêstens oer de útstjit fan fijnstof en ultrafijnstof. Dat is metten, mei kastjes fan de RUG, de gemeenten ha dat betelle."
It giet dan om kastjes yn Marsum, Jelsum, Koarnjum en wat fierder fuort by de A31, leit Verf út. "Dêr die út bliken dat it tafoel. Wy seagen gjin grutte útsjitters, ek net by operaasje Frisian Flag. Wy sitte wol wat boppe de noarm, mar it falt ta."

Volkel

Sûnt juny hat de fleanbasis yn Volkel ek F-35's. Verf sjocht dêr in ferlykbere situaasje mei Ljouwert. "By ús hienen wy yn it earste jier trije kear mear klachten. Dat sjochst yn Volkel ek, dêr ha se ek presys trije kear mear. It is in hiele feroaring fan F-16's nei F-35's."