Aventoerlike fûgels wapenje harren tsjin klimaatferoarings

Selin Ersoy mei in mients mei in stjoerder op Gryn by it fjildwurk © Selin Ersoy, NIOZ
Fûgels mei in aventoerlik karakter frette op oare plakken en ite dêr ek wat oars as minder aventoerlike fûgels. Dat makket harren ideale ferkenners dy't derfoar soargje kinne dat de soart him makliker oanpast as de wrâld om har hinne feroaret troch bygelyks klimaatferoarings.
Dat docht bliken út ûndersyk op de Waadsee troch Selin Ersoy fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ). Foar har stúdzje fong se op Gryn mientsen (kanoeten).
Sy joech de fûgels in lytse stjoerder mei, mar die ek eksperiminten wêrby't de fûgels in skoftke yn in hok mei in soarte fan waadboaiem holden waarden. It die bliken dat der fûgels binne dy behoarlik konsekwint oar gedrach fertoanden en mear op ûndersyk útgongen; en dat dogge se net allinnich yn in eksperimint, mar ek yn it wyld.
Op basis fan dy befining en in netwurk fan lytse stjoerderkes en gruttere ûntfangers op it Waad hat Ersoy in metoade ûntwikkele foar har promoasjeûndersyk. Mei dy metoade kin sy net allinnich efterhelje hoe't dat ferskil yn karakter ûntstiet, mar ek hoe't dat yn de praktyk útwurket.
Ien fan de ferskillen is dat aventoerlike fûgels letter oankomme op it Waad út it Noardpoalgebiet wei, dêr't sy briede. Sy fine ek in hegere kwaliteit fretten.

Noch útfine

Omdat dizze fûgels rapper as oare soartgenoaten nij en better fretten fine, kin dat foar de hiele populaasje goed útpakke. Want benammen troch minsklike aktiviteiten wol der wolris wat feroarje yn de beskikberens fan dat fretten.
Ersoy en har kollega's wolle noch útfine wêrom't de mientsen langer yn it Noardpoalgebiet bliuwe. Mooglik soargje sy dêr wol langer foar harren piken.