Froulju sc Hearrenfean stunte tsjin Feyenoord, mar wolle nei in heger nivo

De fuotbalfroulju fan sc Hearrenfean hawwe in hiele jonge seleksje. De spylsters binne yn trochsneed sa om de 19 jier hinne âld. Se stean yn de ûnderein fan de earedivyzje, mar wûnen snein hiel ferrassend fan Feyenoord.
Jessica Roosenburg is foarsitter fan de stichting frouljusfuotbal fan sc Hearrenfean. Sy sjocht al jierren dat harren talintfolle spylsters de oerstap meitsje nei de topklups yn Nederlân. Dat hat alles te krijen mei it feit dat dy klups in gruttere begrutting hawwe en mear jild betelje kinne.
Froulju sc Hearrenfean stunte tsjin Feyenoord
Sadwaande is Hearrenfean foaral in opliedingsklup mei in soad jonge spilers. Takom jier is it doel dat it frouljusfuotbal ûnderbrocht wurdt by de BVO Hearrenfean. De hoop is dat der dêrtroch mear romte komt om it nivo yn de klup omheech te bringen.
Jessica Roosenburg oer de wedstriid
Hans Schrijver is de nije trainer/coach by de froulju fan sc Hearrenfean. Hy fynt dat der in soad talint yn Fryslân en omkriten omrint, en sjocht dat in soad jonge froulju stappen sette nei in heger nivo. De ûntwikkeling giet op en del, mar nei grutte ferliezen fan Ajax en Twente wist syn team no tsjin Feyenoord de nul te hâlden.
Troch in goal fan Nina Nijstad behelle Hearrenfean snein de earste thúsoerwinning tsjin de Rotterdammers. In grutte opstekker foar syn "jonkies" dy't it selsfertrouwen goeddocht.
Hans Schrijver, trainer sc Hearrenfean
Merel Bormans is mei 23 jier ien fan de âldere spilers by de Feansters. De Brabânse sjocht Hearrenfean as in geweldige klup om stappen yn har karriêre te setten.
Grutte nammen dy't fia Hearrenfean de stap nei it bûtelân en sels nei Oranje makke hawwe, binne bygelyks Sherida Spitse, Vivianne Miedema, Lieke Martens en ek topskoarder Fenna Kalma. Dat bewiist dat de oplieding yn Fryslân fan heech nivo is.
Merel Bormans, spiler sc Hearrenfean
Bormans mikt mei Hearrenfean op in plak achter de top fan de frouljusearedivyzje. Dat is op dit stuit it heechst helbere mei dizze jonge seleksje. "Wij willen graag de 'best of the rest' zijn, en hopen af en toe voor een stuntje te kunnen zorgen." Dat lêste is dus snein al in kear slagge. Foarearst stiet Hearrenfean op it sânde plak.
Earedivyzje froulju
TEAM | DUELS | PUNTEN |
1. Ajax | 8 | 24 |
2. Twente | 7 | 21 |
3. Fortuna Sittard | 7 | 15 |
4. Feyenoord | 7 | 13 |
5. Den Haag | 7 | 10 |
6. PSV | 7 | 10 |
7. sc Hearrenfean | 8 | 7 |
8. PEC Zwolle | 7 | 5 |
9. Excelsior | 8 | 5 |
10. VV Alkmaar | 7 | 4 |
11. Telstar | 7 | 1 |