Sylster Marit Bouwmeester pakt brûns op EK yn Frankryk

Marit Bouwmeester op it EK yn Hyères © Organisaasje EK
Marit Bouwmeester hat brûns pakt op it EK yn de ILCA6-klasse. De 34-jierrige sylster út Warten sakke op de lêste dei ien plak yn it klassemint en einige yn Hyères as tredde mei 50 punten.
De Europeeske titel gie mei 44 punten nei Agata Barwinska út Poalen, it sulver wie foar de Switserske Maud Jayet mei 48 punten.
Bouwmeester kaam ferline moanne by de wrâldkampioenskippen yn de Feriene Steaten werom yn wedstriidferbân, nei't se yn maaie befallen wie fan in dochter. Op it WK stie se in skoftke oan kop, mar sakke se yn de lêste dagen mei fanwegen wurgens hieltyd fierder werom yn it klassemint en einige as 9e. Op it EK foar de kust fan Hyères yn Súd-Frankryk klom se krekt op de ranglist.
De sylster wol yn 2024 graach meidwaan oan de Olympyske Spelen fan Parys. Se pakte op de lêste trije Spelen hieltyd in medalje: sulver by Londen 2012, goud by Rio 2016 en ferline jier brûns yn Tokio.

Oare Fryske prestaasjes

De Friezen Mirthe Akkerman, Marissa IJben en Willem Wiersema diene ek mei oan it EK. Akkerman waard 14e en IJben einige as 37e by de froulju. Wiersema einige by de manlju op it 73e plak yn de ILCA7-klasse.