Andries Noppert hâldt doel skjin by WK-debút Oranje tsjin Senegal

Andries Noppert by syn WK-debút yn Katar © Orange Pictures
Andries Noppert kin weromsjen op in prima debút by it Nederlânsk alvetal op it WK yn Katar. De 28-jierrige keeper fan sc Hearrenfean hat syn doel skjinhâlden yn de wedstriid tsjin Senegal. It duel einige yn 2-0 foar Nederlân.
Noppert hie yn de earste wedstriid foar Oranje net in hiel soad te dwaan, mar hie dochs in pear goeie rêdingen. Nei rêst moast de Jouster der op in pear mominten stean en dat die er ek. Earst mei in skot yn de koarte hoeke en dêrnei by in traap fan flakby rjocht op him ôf. De stân wie op dat stuit noch 0-0. Letter moast er ek noch in kear nei de ûnderhoeke dûke.

Tefreden mei debút

Yn de twadde helte waard Noppert wol in pear kear test. Senegal krige wat mear de oerhân en wist, yn tsjinstelling ta de earste helte, wol in pear doelkânsen te kreëarjen. Noppert die wat er dwaan moast en seach yn de slotfaze Cody Gakpo en Davy Klaassen de wedstriid foar Oranje beslissen.
De Jouster wie tefreden mei syn debút. "Dit is heel speciaal", sei Noppert by de NOS. "Als jongetje droom je hiervan, maar later had ik nooit meer gedacht dat dit mogelijk was. Het is redelijk gegaan. Het is een goed begin van het WK en het snakt naar meer. Hetgene wat ik kon doen was mijn stinkende best, en dat heb ik gedaan."

De ferrassing fan Van Gaal

Noppert like troch Van Gaal meinaam te wêzen nei Katar foar in eventuele strafskoppesearje yn de knock-outfaze. De bûnscoach sei by de bekendmakking fan syn seleksje al wol dat de 2,03 meter lange keeper eins de iennige fan de trije doelmannen is dy't yn foarm is.
Dat dat betsjutte soe dat Noppert ek echt syn earste doelman wurde soe, like ûnwierskynlik en kaam foar in soad minsken as in ferrassing. Neffens de Jouster lykje hy en de bûnscoach opinoar en ha se deselde humor.

Noppert spilet ek tsjin Ekwador

Van Gaal hat sein dat er Noppert ek wer opstelle sil yn de folgjende wedstriid op it WK, freed tsjin Ekwador.