FIDEO: Blydskip en spanning yn Jouster kafee om WK-debút Andries Noppert

Yn kafee De Stam op De Jouwer binne se grutsk op Andries Noppert
It wie noch eefkes spannend, mar Andries Noppert fan De Jouwer hat de keepersstriid op it WK fuotbal yn Katar wûn. Hy stiet ûnder de latte yn de wedstriid tsjin Senegal.
Yn it Jouster kafee De Stam binne de se bliid en grutsk dat bûnscoach Louis van Gaal 'harren' doelman opsteld hat yn de basis. "Noppert is nochter en de bêste keeper." Se folgje de wedstriid mei spanning.