Nij Cambuurstadion letter klear: "September niet heel realistisch"

Sportcast mei Ard de Graaf © Omrop Fryslân
De earste wedstriid fan SC Cambuur yn it nije stadion sil nei alle gedachten net yn septimber 2023, mar yn jannewaris fan 2024 spile wurde. Dat seit algemien direkteur Ard de Graaf yn de Sportcast.
De bou fan it nije stadion is úteinset en de fundearrings lizze deryn. Dochs komt it oarspronklike doel fan de Ljouwerters, om dêr oer tsien moannen oan it nije seizoen te begjinnen, net út. "Het is niet heel realistisch", seit De Graaf.
"We bereiden ons voor op meerdere scenario's, waarbij het scenario van 1 september het meest ingewikkeld is", fertelt de direkteur fan Cambuur. De kommende wiken sil mear dúdlikheid komme oer de planning fan it nije stadion, dat boud wurdt oan de westkant fan Ljouwert.
Boubedriuw Van Wijnen is as projektûntwikkeler ferantwurdlik foar de bou fan it nije stadion. De Graaf: "Eerdaags zal daarover een knoop doorgehakt moeten worden van wat wordt nu de planning en wanneer kunnen we over. Daar zit iedereen op te wachten."
De fuotbalklup giet derfan út dat nei de winterstop fan it folgjende seizoen, dus yn jannewaris fan 2024, de earste wedstriid spile wude kin yn it nije ûnderkommen. "De winterstop is het scenario dat wij het meest voor het oog hebben", jout De Graaf ta. "Maar als het eerder kan, gaan we eerder. Want we hebben grote behoefte aan die overstap."
Mocht Cambuur him dit jier hanthavenje en dus folgjend seizoen wer yn de earedivyzje spylje, dan sil de klup him melde by it fuotbalbûn KNVB. Want, De Graaf hat wol in idee foar in iepeningswedstriid. "Als je in de competitie over moet, zou de derby een mooie zijn om te beginnen."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.