Andries Noppert hat basisplak yn WK-duel tsjin Senegal

Andries Noppert © Orange Pictures
Andries Noppert stiet yn de earste wedstriid fan Nederlânsk alvetal op it WK yn Katar ûnder de latte tsjin Senegal. De Jouster is ien fan de trije keepers dy't troch bûnscoach Louis van Gaal meinommen is nei it wichtichste lannetoernoai op de wrâld.
Dat Noppert in basisplak hat, is bysûnder. De 'Tower of De Jouwer' hat noch gjin wedstriid spile foar Oranje. De wedstriid fan hjoed tsjin Senegal wurdt dus syn debút yn it Nederlânsk alvetal.
Noppert stiet ûnder kontrakt by sc Hearrenfean. Dêr belibbet hy oant no ta in goed seizoen. Hearrenfean krige noch mar trettjin tsjingoals. Allinnich de keeper fan FC Twente waard noch minder faak passearre.
Syn goede prestaasjes binne dus ek opfallen by bûnscoach Louis van Gaal en Frans Hoek, de keeperstrainer fan it Nederlânsk alvetal. By it bekendmeitsjen fan de seleksje sei Van Gaal: "Andries Noppert is de enige keeper die echt in vorm is."
Noppert hâldt Justin Bijlow fan Feyenoord en Remko Pasveer fan Ajax op de bank. Jasper Cillessen fan NEC, dy't de earste doelman fan Oranje wie op it WK fan 2014, en Mark Flekken fan SC Freiburg hellen de definitive seleksje net iens.
De opstelling fan Nederlân: Noppert; Dumfries, De Ligt, Van Dijk, Aké, Blind; Berghuis, F. de Jong, Gakpo; Bergwijn en Janssen.