Steatsboskbehear wol mei kalk fersuorring Duerswâldmer Heide tsjingean

Teamlieder Dennis Benedictus fan Steatsboskbehear yn Súdeast-Fryslân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Op de Duerswâldmer Heide by Wynjewâld eksperimintearret Steatsboskbehear mei it struien fan kalk om natuer werom te bringen. Ut boaiemmeunsters docht bliken dat de grûn fersuorre is. Kalk kin dêr tsjin helpe.
Boeren brûke dizze kalkmetoade al langer om fersuorring tsjin te gean, mar foar natuerbehearders is it wat minder fanselssprekkend, seit teamlieder Dennis Benedictus fan Steatsboskbehear yn Súdeast-Fryslân.
"Dit is een zuur milieu en je voegt iets toe wat er niet thuishoort. Het neigt ook wat richting een symptoomoplossing. Maar we hebben wel te maken met een geschiedenis die bepaald heeft dat het zo zuur is."

Skrokken fan hoe't de grûn der oan ta is

Steatsboskbehear wol it ferskaat werombringe yn de natuer. "Ons doel is deze prachtige plek mooier maken en weer doorgeven aan de volgende generatie."
Omdat der ek resten fean op it heidegebiet lizze, is it sawiesa al in wat in soer miljeu, mar by Steatsboskbehear binne se skrokken fan hoe min de grûn der no oan ta is. In soad plantelibben en dêrtroch ek ynsekten en fûgels hat dêrfan te lijen.

Proefflakken

Der binne no trije proefflakken makke dêr't mei kalk struid is, dêr't it fêste keppel skiep yn it gebiet troch stekken net yn komme kin.
It giet om it grutste heidegebiet fan Fryslân. De fersuorring komt troch allerhanne oarsaken, lykas ferdrûging, de soere rein fan de jierren 80, mar ek tefolle stikstof.
Yn it grutste heidegebiet fan Fryslân is in proef mei kalk tsjin fersoering
Om it natuergebiet der struktureel wer better by te krijen moat der mear barre, seit Benedictus: "Een van de plannen is het verhogen van het waterpeil. Er ligt een laagte in het fietspad, we willen het fietspad ophogen om het water beter vast te houden. Misschien gaan we stukjes plaggen. We onderzoeken ook of we hier met een gescheperde kudde aan de gang kunnen."
Dat betsjut dat de skiep troch de ynset fan in harder folle krekter stjoerd wurde kinne by it weidzjen. De skiep wurde no allinnich mar brûkt om foar te kommen dat de heide yn in bosk feroaret.

Ikkers

Fierder steane der bettere oergongen nei de bosk op it ferlanglistje en mooglik komme de eardere lytse ikkers mei krûden, koarn en weet yn ien of oare foarm werom oan de râne fan de bosk, om it bioferskaat te fergrutsjen.
It kin betelle wurde út de 46 miljoen euro dy't it Ryk oan de provinsje jout om de natuer te ferbetterjen. Dat is jild dat heart by de stikstofoanpak.
Ien fan de trije proefflakken dêr't mei kalk wurke wurdt op de Duerswâldmer Heide © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Ut deselde stikstofproblematyk wei wize boeren benammen by heidegebieten nochal ris nei de natuerbehearders, sels as it giet om ôfnimmende natuerkwaliteit dêr.
Benedictus: "Het is altijd makkelijk om te zeggen dat iets niet goed wordt gedaan. Je kan je ook afvragen of de middelen wel altijd toereikend zijn geweest om het goed te doen. Dan zoek je ook naar maatregelen die het best passen bij wat wel haalbaar is. De keuze voor een kudde schapen zonder herder is daar een voorbeeld van."

"Meer handmatig werk"

Benedictus sjocht it tij no kearen: "De maatschappij krijgt weer meer waardering en zicht op de natuur en is ook bereid daar meer middelen voor vrij te maken."
Dêrmei kin bygelyks mear wurk mei de hân dien wurde op de heide, foar mear fariaasje. "Het gevolg van de bezuinigingen was ook dat we bedrijfsmatig efficiënter met grotere machines moesten werken om het goedkoop te doen. Dat kun je nu omkeren en kleinschaliger gaan werken."