sc Hearrenfean skriuwt ferlies fan 2,1 miljoen oer seizoen 2021-2022

Algemien direkteur Cees Roozemond © Orange Pictures
sc Hearrenfean hat foarich seizoen in nettoferlies laat fan 2,1 miljoen euro. De twa jierren dêrfoar koe de klup 2,9 en 1,1 miljoen euro byskriuwe, wêrtroch't it trochsneed resultaat oer trije jier wol posityf is.
Hearrenfean seach it ferlies ferline jier al oankommen, it nettoferlies wie al oankundige yn it jierrekken fan dat jier. It jild is foar in grut part nei needsaaklike ynvestearringen yn it earste alvetal en de technyske stêf gong.
Njonken dy kostepost hat de klup ek noch te krijen mei "buitenproportionele huur- en onderhoudskosten", sa is te lêzen yn it jierferslach. De enerzjykosten wienen ek heger as it jier dêrfoar, en dy sille dit seizoen noch heger útfalle, is harren ferwachting.
De hier-, ûnderhâlds- en enerzjykosten byinoar komme út op 4,1 miljoen euro. Dat komt del op 27 persint fan de netto-omset en dat is neffens de klup in "exceptionele en ongezonde bedrijfslast".

Kaartferkeap

Ferline seizoen koenen fiif thúswedstriden net mei publyk spile wurde fanwegen de doe noch jildende coronamaatregels. Dochs hat de klup besletten om de priis foar seizoenkaarten en sponsorprodukten net te ferheegjen foar it seizoen 2022-2023.
De klup koe dat yn eigen wurden net meitsje nei de "onvoorwaardelijke steun" fan de supporters en sponsoaren yn de coronatiid.