Van Gaal sjocht Noppert as bêste doelman fan Oranje

Andries Noppert op 'e training fan Oranje © ANP Foto
It liket derop dat Andries Noppert fan De Jouwer moandei it doel fan it Nederlânsk alvetal ferdigenet yn de earste groepswedstriid tsjin Senegal op it WK.
Neffens boarnen om spilers fan Oranje hinne hat de 28-jierrige keeper fan sc Hearrenfean op de training it doel fan de beëage basisploech ferdigene.

Ferrassing en risiko

Noppert, 2,03 meter lang, krijt foarearst de foarkar boppe Remko Pasveer en Justin Bijlow. Sa komt der in ferrassend ein oan de striid om de posysje ûnder de latte by Oranje. Nei oerlis mei keeperstrainer Frans Hoek besleat Louis van Gaal earder al Jasper Cillessen en Mark Flekken net mei nei Katar te nimmen.
De karriêre fan Noppert krijt in wûnderlike draai as er moandei debutearret foar Oranje yn it Al Thumama Stadium fan Doha. De Fries slagge net by NAC Breda en Foggia en stie twa jier lyn noch by FC Dordrecht ûnder kontrakt. Hy makke ôfrûne simmer de oerstap fan Go Ahead Eagles nei Hearrenfean.
Van Gaal nimt in risiko mei syn kar foar Noppert, dy't gjin ûnderfining hat mei fuotbal op it allerheechste nivo. De bûnscoach sei ferline wike al dat Noppert de iennige doelman fan Oranje is dy't echt yn foarm is. Yn de ôfslutende parsekonferinsje woe Van Gaal net befêstigje dat Noppert tsjin Senegal oan de ôftraap ferskynt.

Noch net offisjeel

"Ik weet wie er gaat keepen, maar jullie nog niet. Ik geef namelijk nooit mijn opstelling prijs", seit Van Gaal, dy't syn tredde termyn as bûnscoach begûn mei Justin Bijlow ûnder de latte. De bûnscoach passearre him yn septimber yn de Nations League-wedstriden tsjin Poalen en België fanwegen in gebrek oan foarm.
Pasveer ferfong him en makke sa syn debút foar Oranje. Pasveer wie de lêste tiid by Ajax dwaande oan in mindere perioade.

Heit Fokko is 'apetrots'

De famylje fan Noppert hat it nijs ek al meikrigen. "We binne apetrots, dêr hoech ik net omhinne te draaien", seit heit Fokko Noppert, dy't hjir stikem al op hope. "Mei Van Gaal wist it ommers noait. Ik tocht earst ek dat Andries mei wie foar de penalty's. Ik wist wol dat Andries it dizze wike goed dien hie, mar ik tocht it wurdt foar Van Gaal syn lêste toernoai, hy sil wol foar underfining gean."
Hearrenfean-trainer Kees van Wonderen fynt it geweldich dat Noppert de earste doelman wurdt. "Wat een geweldig nieuws en super gaaf dat Van Gaal zich door niemand laat leiden behalve zijn eigen inzichten", sa seit er fan syn fakânsje-adres yn Tanzania ôf.

Zeinstra hie it net sa dien

It mooglike basisplak foar Noppert komt foar Harm Zeinstra, âld-doelman fan sc Hearrenfean en SC Cambuur, as in grutte ferrassing. "Ik begryp it eins ek net, want ik fyn Cillessen en Flekken by far de bêste keepers, mar dy binne net iens mei. En fan de keepers dy't wol beskikber binne, soe ik ek net foar Andries gean. Ik soe Bijlow op 'e goal sette."
Zeinstra gunt it Noppert fansels wol. "Ik fyn it bysûnder moai dat in Fries op dit poadium de earste keeper fan Oranje is. Dat hie ik in heal jier lyn echt net betinke kinnen", seit Zeinstra.
Ald-doelman Harm Zeinstra oer it basisplak fan Noppert