HEA! Jetse hat nije freontsjes
Jetse Jongsma fan Ketlik is alle dagen op it lân te finen. Hy sjocht dan oft der plestik of oare rommel leit, want dat is net goed foar de bisten. Dizze kear hat hy op syn syktocht in pear kikkerts fûn.
Hy sil de kikkerts thús fersoargje en hat se ek al in namme jûn. Thomas, Chippie en Jitze binne syn nije freontsjes en hy sil goed op se passe.