Gaming yn Fryslân, diel 3: "In Schim werk ik bijna aan alles"

Dyn eigen wrâld meitsje mei Ewoud
De gaming-yndustry wint fluch oan betsjutting. Wat foar in soad lju noch in mysterieuze wrâld liket, is foar oaren in tige serieuze beuzichheid. Omrop Fryslân portrettearret seis Fryske gamers. Hjoed: Ewoud van der Werf fan Twellingea.
Ewoud van der Werf (20 jier) is drok dwaande mei syn eigen game: Schim. It spultsje krige benammen in soad oandacht doe't it te sjen wie yn 'e State of Play fan Playstation, fanwegen de unike en opfallende grafyske styl. Ewoud makket hast alles sels oan it spultsje en dat is wol in hiel soad wurk.