Oerlêst en stellerij by Poptaslot Marsum twingt behearders ta strangere regels

It Poptaslot yn Marsum © Omrop Fryslân
It Poptaslot yn Marsum hat de ôfrûne moannen te lijen hân fan oerlêst en fan stellerij út de griente- en fruittún. De behearders fiele har twongen om strangere regels yn te fieren.
De slotbewarder moat geregeld besikers oansprekke dy't de hûn net oan de line hawwe en dy't foar oerlêst soargje.
It bûten bliuwt iepen foar publyk, mar ûnder bepaalde betingsten. Sa moatte hûnen perfoarst oan'e line, mei der gjin griente en fruit meinaam wurde en meie minsken allinne by ljocht op it terrein komme.

Buordsjes

Dêrneist wurde der buordsjes pleatst om it terrein fan it Poptaslot goed ôf te beakenjen en is it fanwegen de privacy ferbean om samar foto's en fideo's te meitsjen.
De regels jilde net allinne binnen de grêft, mar op en by de hiele Slotleane, in part fan de Hegedyk en it lân by it kuierpaad by de grêft del.