Liveblog | 20 novimber 2022

Froulju sc Hearrenfean winne fan Feyenoord | Kalma skoart fjouwer kear tsjin Excelsior

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer de Fryske sporters:

Lêst bywurke: 20 novimber 2022, 20:09
snein 20 novimber 2022
20:09

Marit Bouwmeester dield oan kop op EK

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten stiet mei noch ien dei te gean dield oan kop op it EK silen. De Friezinne hat likefolle punten as Agata Barwinska út Poalen. Maud Jayet út Switserlân stiet mei twa punten mear op it tredde plak.
Bouwmeester kaam hjoed as achtste, twadde en fiifde binnen. Dêrmei pakte se in soad punten op Barwinska dy't in kear santjinde waard.
Op moandei wurde noch twa wedstriden sile en dan wurdt bekend wa't harsels Europeesk kampioen neame mei.
16:30

Fjouwer goals Kalma

Fenna Kalma hat fan 'e middei mar leafst fjouwer kear skoard foar FC Twente. De Fryske fuotbalster wûn mei har ploech mei 9-0 fan Excelsior Rotterdam. Kalma stiet dit seizoen nei sân wedstriden al op trettjin goals en sân assists yn de earedivyzje.
Fenna Kalma © Orange Pictures
16:08

Groenewoud en Rijpma-De Jong net yn de buert fan medaljes

Reedrydsters Marijke Groenewoud en Antoinette Rijpma-de Jong hawwe harren fan 'e middei op de 3.000 meter net minge kinnen yn de striid om de wrâldbekermedaljes. Se einigen respektyflik as sechde en achtste.
Groenewoud ried wol foar it earst yn har karriêre ûnder de fjouwer minuten: 3.59,90.
15:16

Noppert nei alle gedachten yn de basis

It liket derop dat Andries Noppert fan De Jouwer moandei it doel fan it Nederlânsk alvetal ferdigenet yn de earste groepswedstriid tsjin Senegal op it WK.
Neffens boarnen om spilers fan Oranje hinne hat de 28-jierrige keeper fan sc Hearrenfean op de training it doel fan de beëage basisploech ferdigene.
15:12

Persoanlik rekôr Fledderus bringt har it fiifde plak op 500 meter

Reedrydster Marrit Fledderus hat op de 500 meter krekt njonken de medaljes grypt by de wrâldbekerwedstriid yn Thialf. Se waard fiifde yn in persoanlik rekôr.
Har fluchste tiid op de 500 meter stie op 37,68, mar snein ried Fledderus nei 37,55. Se siet hiel ticht by it poadium, want as se fjouwer hûndertsten flugger west wie, hie Fledderus tredde wurden.
14:57

Froulju Hearrenfean winne fan Feyenoord

De fuotbalfroulju fan sc Hearrenfean hawwe fan 'e middei foar de twadde kear dit seizoen wûn. Op Sportpark Skoatterwâld waard it 1-0 tsjin Feyenoord. Nina Nijstad makke it iennige doelpunt fan de wedstriid.
Hearrenfean stiet no mei sân punten út acht wedstriden op it sande plak yn de earedivyzje.
De froulju fan sc Hearrenfean fiere it doelpunt © Orange Pictures