HEA! Acht Saabs yn it hok

HEA! Goeie Húns
Foar Piet út Húns is Saab it moaiste automerk dat der bestiet. Syn earste auto wie ek ien fan dit Sweedske automerk. Yntusken steane der acht Saabs yn syn hokken. Mar der moat noch wol it ien en oar oan dien wurde.
Piet is foaral ynteressearre yn de twatakt-Saab. De deeglikheid fan de auto sprekt him foaral oan. Sels hat er al ferskate eksimplaren út Sweden ophelle. De pensjonearre timmerman en learaar hopet no mear tiid te hawwen om oan syn 'projekten' te wurkjen.