Boek oer fersetsman Piet Oberman: "In man mei in protte gesichten"

De eardere fersetsman Piet Oberman (1908-1972) út Dokkum hat sûnt freed in eigen biografy. It boek is skreaun troch Hessel de Walle.
Oberman joech yn desimber 1944 lieding oan de groep dy't de finzenis yn Ljouwert oerfoel om fersetsminsken te befrijen.
Skriuwer Hessel de Walle, ûndersocht de ôfrûne twa jier tegearre mei Gerk Koopman, Warner Banga en Herman Oberman de persoan achter Piet Oberman.
Yn it boek 'Piet Oberman, de man en de mythe', wurdt djipper yngien op it libben wat Oberman foar, yn en nei de oarloch libbe. Skriuwer de Walle dêroer:
"It wie in bysûndere man, mei in protte gesichten. It is ek wol in man fol tsjinstridichheden. Oan de iene kant in man dy't op himsels wie, in 'Einzelgänger'. Oan de oare kant in man dy't wol yn 'e gaten hie: 'de plicht ropt'.
RTV NOF wie by de presintaasje fan it boek oer de Dokkumer fersetsman Piet Oberman:
It boek waard freedtemiddei 18 novimber presintearre yn de Brouwerij Dokkum, ûnder tasjend each fan tsientallen oanwêzigen. Op it plak dêr't no de Brouwerij sit, wie eartiids de houthannel fan Oberman. Hy waard troch dy houthannel yn de jierren nei de oarloch in man mei in soad finansjele middels.
Skriuwer De Walle is grutsk op de nije ûntdekkingen. "Bygelyks hoe't de Kanadezen úteinlik rjochting Dokkum kamen. Neist de rol fan Oberman dêryn, giet it boek ek echt oer Dokkum yn dy tiid."