Publyk harket nei ferhalen yn húskeamers oant tsjerken: 3.500 besikers

Jelmar Schotanus, dielnimmer oan de Ferhalejûn © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Mei-inoar 3.500 besikers binne freedtejûn ôfkaam op de Ferhalejûn. Op tsientallen plakken yn Fryslân waarden ferhalen ferteld, fan húskeamers en tsjerken oant kroegen en eardere skoallen.
It jierlikse evenemint is ûntstien yn 2018 by it begjin fan Kulturele Haadstêd. Tema fan dit jier wie de ommekear, in belangryk momint foar minsken wêrtroch't harren libben in draai nommen hat.
Mei-inoar 3.500 harkers op Ferhalejûn yn húskeamers, tsjerken, kroegen en skoallen
Sa fertelde Jelmer Schotanus freed in ferhaal oer de Wytsingen (Vikingen) dy't de Franken fersloegen. It stiet symboal foar Schotanus syn eigen striid dy't er oerwinne moast.
Ferhalejûn by Frans Woltring en Marianne Borgman © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Yn de húskeamer fan Frans Woltring en Marianne Borgman yn Ljouwert waard in hiel oar ferhaal ferteld. It stel dat mei pensjoen is, hâldt fan reizgjen, mar wol net mear mei it fleantúch fanwege it klimaat. Se gean no mei de trein en de fyts.