Sealfuotbalsters Libertas winne foar de achtste kear op rige

De sealfuotbalfroulju fan Libertas © Omrop Fryslân, Freark Wijma
De sealfuotbalsters fan Libertas hawwe ek de achtste wedstriid fan dit earedivyzjeseizoen wûn. Yn eigen hûs wie Libertas mei 3-2 te sterk foar Exstudiantes Zwolle.
By it skoft wie it 2-1 foar de ploech út Driezum troch doelpunten fan Sam Bosma en Jessie Prijs. Erika de Bok hie wat werom dien foar de ploech út Zwolle.
Yn de twadde helte like Prijs de wedstriid te beslissen troch de 3-1 te meitsjen, mar De Bok brocht mei har twadde doelpunt fan de wedstriid de spanning werom: 3-2. Libertas koe de foarsprong úteinlik fêsthâlde.
By de Driezumers makken trije spilers harren debút: Isabella Slump, Evelien Mensies en Ellen Fokkema. Fokkema kaam yn 2020 yn it nijs om't se as earste froulike spylster yn de standertklasse fan de manljuskompetysje meidie. Dat die se op it fjild by Foarút út Menaam. Foar dy klup fuotballet se noch hieltyd, yn it twadde.