Aris wint fan Feyenoord en stiet wer boppe-oan yn Nederlânske pûl BNXT League

De basketballers fan Aris steane op syn minst ien dei boppe-oan yn de Nederlânske pûl fan de BNXT League. Yn it Kealledykje waard freed mei 83-72 wûn fan Feyenoord.
De wedstriid gie yn it earste kwart lykop: nei 10 minuten basketbal wie it 18-18. Yn it twadde kwart wie Aris de baas. De Ljouwerters pakten sels efkes in foarsprong fan 15 punten. Oan de ein fan it kwart wie it gatsje wol wat lytser: 40-33.
Ek nei it skoft spile Aris goed, mar de ploech fan trainer Vincent van Sliedregt fergeat om de skoare fierder út te bouwen. Nei trije kwarten wie it 60-51. Yn it lêste kwart kaam Feyenoord sels werom oant fjouwer punten (68-64), mar de Ljouwerters wienen op 'e tiid wekker en wûnen mei 83-72.
Oan de kant fan Aris wie Keevan Veinot mei 17 punten de topskoarer.