Oprop Fryske promininten oan RUG: "Beneam noch dit jier in folweardich heechlearaar Frysk"

De Ryksuniversiteit Grins (RUG) moat noch dit akademysk jier in folweardich heechlearaar Frysk beneame. Dat is de oprop fan in grutte groep skriuwers, wittenskippers en bestjoerders.
In moanne lyn makke de universiteit bekend dat der gjin opfolger fûn is foar heechlearaar Goffe Jensma, dy't mei pensjoen gien is. Yn stee dêrfan is Anne Merkuur oansteld as universitêr dosint. Se nimt in part fan Jensma syn wurk oer en moat dan yn de takomst heechlearaar wurde, is it plan fan de RUG.
Ferskate oaren, lykas it advysorgaan DINGtiid, it Frysk Skriuwersbûn én Jensma sels, wienen al kritysk oer de gong fan saken. Ek omdat Merkuur in oanstelling foar twa dagen (0,4 fte) krijt, wylst Jensma in foltiidfunksje (1 fte) hie.
Iepen brief
Mei Merkuur is trouwens neat mis, sei Jensma earder al. Hy sjocht yn har in grut talint. "Mar in foltiidsheechlearaar wurdt no ferfongen troch in universitêr dosint foar twa dagen yn de wike. Dat is in tebekgong en de proseduere doocht ek net."
Yn in iepen brief sprekt in grutte groep promininten út it Fryske fjild no dat it in "ûnnedige stap tebek is" en boppedat "in hurde besuniging foar ús kwetsbere minderheidstaal". Under oaren foarsitter Doeke Sijens fan Stifting FLMD, direkteur Arjen Dijkstra fan Tresoar, Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma en Goffe Jensma sels ha it brief ûndertekene.
Der is gjin offisjele rykstaal yn Europa fan dizze omfang dêr't de akademyske foarsjenningen sa foar útklaaid binne as foar it Frysk.
De skriuwers binne benaud dat it Frysk oan de universiteit ferdwynt as der net gau dochs in folweardich opfolger fan Jensma beneamd wurdt. "Ommers sûnder heechlearaar kin de stúdzje him yn it hjoeddeistige akademysk klimaat net steande hâlde."
De universiteit kaam út by Merkuur omdat de sollisitaasjeproseduere gjin 'beneambere nije professor' opsmiet. Dat fine de briefskriuwers te maklik, neffens harren binne der ferskate geskikte persoanen te finen.
Net akseptabel
Se fine dizze stap net akseptabel. "Der is gjin offisjele rykstaal yn Europa fan dizze omfang dêr't de akademyske foarsjenningen sa foar útklaaid binne as foar it Frysk."
De RUG soe yn petear moatte mei partners yn it fjild om sa gau as mooglik - dit akademysk jier - noch in folweardige heechlearaar te beneamen. De skriuwers freegje de provinsje Fryslân om stipe by de oprop.
It brief is ûndertekene troch Abe de Vries, Abel Darwinkel, Albert Schaafsma, Alex de Jager, Amarins Geveke, Ank Dykstra, Anna van Dijk, Anne Heegstra, Antoine Fonville, Arja Olthof, Arjen Dijkstra, Audrey Geveke Storm, Baukje Marijke Felkers, Berber van Oyen-Peenstra, Bertus Mulder, Bouke Oldenhof, Boukje Emma Smith, C. Dijkstra, Cees van der Meulen, Cornelis van der Wal, Doeke Sijens, Dinie Visser, Eeltsje Hettinga, Elske Schotanus, Ernst Bruinsma, Frank de Boer, G. van der Meer, Geart Benedictus, Geart de Vries, Goffe Jensma, H.A.Y. Wolf, Hillebrand Rijpma, Hinne Wagenaar, Hotso Spanninga, Hylke Tromp, Immie Jonkman, J.G. Rosseel, Jan Schotanus, Jaap Cuperus, Jan Hendrik Woudstra, Jan Visser, Jannie van der Kloet, Jant van der Weg-Laverman, Jelle Bangma, Jelle van der Meulen, Jorris Kingma, Karel Gildemacher, Klaas van der Hoek, Laurens vd Meulen, Lomme Schokker, Louw Dijkstra, Maaike Andringa, Marga Claus, Meindert Seffinga, Nyk de Vries, Nynke Beetstra, Oebele Vries, Oene Spoelstra, Philippus Breuker, Pier Bergsma, Pieter Breuker, Reitze J. Jonkman, Relinde Vos, Riemer Janssen, Roeland van Hout, Rolf H. Bremmer Jr, Sander Warmerdam, Sigrid Kingma, Simon Oosting, Sjoerd Bootsma, Syds Wiersma, Sytske de Boer, Sytze T. Hiemstra, Theunis Piersma, Thom Feddems, Tonko Ufkes, W. Wieling, Willem Tjerkstra en Yme Kuiper.