Friesche IJsbond beneamt Gerrit Hiemstra as nije waarman anneks adviseur

Gerrit Hiemstra © CheeseWorks
Gerrit Hiemstra wurdt de nije waarman en adviseur fan de Friesche IJsbond. Hy wurdt opfolger fan Piet Paulusma, dy't yn maart ferstoar.
Hiemstra wurdt sneon beneamd op de algemiene ledegearkomste fan it bûn. Syn rol is om oan te jaan wannear't der in langere perioade fan froast oankomt. It bûn wit dan dat se yn aksje komme moatte. Yn dy froastperioades hâldt de waarman it bûn op de hichte fan de aktuele ûntwikkelingen.
De Friesche IJsbond behertiget, út namme fan 22 iiswegesintrales yn de provinsje, de belangen fan it riden op natueriis yn Fryslân. As it friest, giet it bûn yn oerlis mei it wetterskip, de provinsje en Rykswettersteat om de oangroei fan iis te befoarderjen.
Ik ha ferstân fan iis, net fan waar.
IIsmaster Sytse Kroes
It bûn is wiis mei Hiemstra as nije waarman en adviseur. "Ik ha ferstân fan iis, net fan waar", seit iismaster Sytse Kroes. "Geweldich dat we dêrfoar in berop op Gerrit Hiemstra dwaan kinne."

Animaasjes foar basisskoallen

Op de ledegearkomste fan sneon sille trije studinten fan de Friese Poort trije animaasjes toane. Doel dêrfan is om learlingen op basisskoallen mear te fertellen oer natueriis en oer it wurk fan de iiswegesintrale.
"We binne enoarm bliid mei de animaasjes dy't Esmee, Sybren en Anne foar ús makke ha", seit bestjoerslid Liesbeth Rijpkema. "Se binne ynformatyf, meitsje entûsjast en binne o sa geskikt foar de learlingen fan de basisskoalle. Ek is it prachtich moai te brûken als basis foar oar lesmateriaal."