Boubedriuw socht bewiis foar predikaat, mar fûn foaral oantinkens oan pake Lont

Gerard Lont, Arjen Lont (mei it seachje fan pake) en Jetze Lont © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Boubedriuw Lont fan Sint Anne fiert op 3 july takom jier it 100-jierrich jubileum en wol dêrom it predikaat Keninklik oanfreegje. Dat wie wol in poepetoer, want der moast bewiis op tafel komme.
Jetze Lont, de hjoeddeiske direkteur, fertelt dat it finen fan bewiis in hiele syktocht wie. "Wy hawwe op de saak noch in klûs mei wichtige dokuminten. Ik tocht earst: dêr fiskje ik it wol út, mar dat hold al op by 1970. Doe binne myn heit en ik op 'en paad gien."

De argiven yn

Fia it argyf fan it eardere It Bilt koene sy al wat fierder holpen wurde, dêr lei fan alles oer de famylje en it bedriuw. "Wy koene it dêr noch net oantoane, mar wy ûntdutsen wol dat der trije wichtiche akten yn Tresoar lizze moasten. Dêr hawwe wy it keapkontrakt en de hypoteek úteinlik út de argiven wei fiskje."
De âlde akten út 1923 © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Eins wie Jetze Lont hielendal net fan doel om Hofleveransier te wurden. Mar kommissaris fan de Kening Arno Brok helle him oer. "Ik hie in petear mei de man. Ik sei dat wy it mar net dwaan soene. Doe sei hy op syn prachtige Frysk dat it wol hiel wichtich wêze soe as wy it wól dogge."

Oerhelle

Lont woe der net tefolle mei pronkje, mar seach de wearde úteinlik ek wol. "Wy dogge it ek wat foar de skiednis fan de omjouwing, foar de famylje en foar de minsken dy't der wurkje en wurke hawwe."
De syktocht nei de oprjochtingspapieren fan it boubedriuw wie foar heit Arjen Lont al hiel weardefol. Der kamen allegearre oantinkens oan syn pake Arjen Lont (1892-1971) op, de earste generaasje fan it bedriuw.
De eardere generaasjes: Arjen Lont, Dirk Lont en Arjen Lont © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Pake Arjen waard al op 16-jierrige leeftiid wees. Hy learde it timmerjen yntern by in bedriuw yn De Westhoek en nei it ferstjerren fan syn baas Marten Smidt koe Lont it bedriuw de saak fuortsette. Op 2 july 1923 naam er it bedriuw oer: dat waard de begjindatum fan boubedriuw Lont.

Pake Lont

It boubedriuw bewarret noch in 'klain saachy' fan pake. Neffens syn pakesizzer wie er dêr tige sunich op. Hy wie sawiesa sunich: as der in spiker foel, krige pake it noch fan 'e grûn. Generaasjes fan de famylje Lont hawwe noch mei it seachje wurke.
It bedriuw hat noch allerhanne âld ark, fan beitels oant wetterpassen © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
"Myn pake het meerdere krisissen metmaakt en dochs deurset", seit Arjen Lont op syn Biltsk. Hy is grutsk op dat trochsettingsfermogen. "Der binne wij Bilkerts foor en wij gaan d'r met syn allen foor. Dat fyn ik och soa indrukwekkend."
Ik docht: o pake, wat mooi. Datstou dat as jonge doe al deen hest.
Arjen Lont oer syn pake Arjen Lont
Yn Tresoar fûn Lont op de lêste side fan de dokuminten de hantekening fan syn pake werom. Hy krige der spontaan wiete eagen fan. "Ik docht: o pake, wat mooi. Datstou dat as jonge doe al deen hest en 't risiko andurdest om 't in die tiid over te nimmen."
Jetze en Arjen Lont