'Andries Noppert makket in goede yndruk, grutte kâns op basisplak'

Bûnscoach Louis van Gaal en doelman Andries Noppert nei de training fan Oranje mei arbeidsmigranten yn Katar © ANP
Telegraafsjoernalist Valentijn Driessen is derfan oertsjûge dat Andries Noppert tsjin Senegal op de goal stean sil by Oranje. "Hij maakt een heel goede indruk op de training."
As Driessen it foar it sizzen hie, dan wie hy foar Noppert gien. "Ik vind het bijzonder hoe hij zich manifesteert en hoe hij coacht met Virgil van Dijk voor zich. Ik denk dat Noppert bezig is met zijn beste periode als keeper."
Noppert hat noch noait foar it Nederlânsk alvetal spile en sit no pas foar de twadde kear by de seleksje. "Maar hij is voor de duvel niet bang. Die deinst niet terug voor een wedstrijdje op het WK. Het is natuurlijk nog wel even afwachten, maar ik zou zeggen dat hij 60 procent kans maakt."

Yn team mei basisspilers

Mooglik seit it ek wol wat dat Noppert juster op de training yndield waard yn in team mei in soad spilers dy't nei alle gedachten in basisplak krije. De oare spilers yn dat team wienen nammentlik Jurriën Timber, Virgil van Dijk, Nathan Aké, Frenkie de Jong, Cody Gakpo, Steven Bergwijn en Vincent Janssen.
Moandei om 17.00 oere spilet Oranje syn earste wedstriid op it WK, de tsjinstanner is Senegal. Yn kafee De Stam op 'e Jouwer hinget in skerm en kinne minsken de wedstriid live folgje.
Sneintejûn is de iepeningswedstriid tusken de twa oare lannen dy't by Nederlân yn 'e groep sitte: Katar tsjin Ekwador.
Op de trainingen lit Noppert him goed sjen, seit Driessen. "Hij voetbalt goed mee en maakt geen blunders. Dat doen die andere twee wel. Die zijn niet denderend."
Dy oare twa, dat binne Remko Pasveer fan Ajax en Feyenoorddoelman Justin Bijlow. "Pasveer heeft zijn vorm uit Amsterdam meegenomen, oftewel die is niet in vorm. En Bijlow maakt op de training ook nogal wat foutjes. Dus ik zou voor Andries gaan, ik denk dat hij een openbaring is."
Driessen sjocht dat keepertrainer Frans Hoek in soad mei Noppert dwaande is en dat Van Gaal ek in soad omtinken jout oan de Jouster. "Al denk ik dat Van Gaal misschien ook wel een beetje geïmponeerd is door zijn gestalte. En dat geldt ook voor de penalty's: als er zo iemand voor je staat, dan staat er wel echt iemand."