HEA! De boat fan Sinteklaas
Eins binne de farrûtes troch De Gordyk al ticht, mar foar in hiel spesjale gelegenheid wurdt in útsûndering makke. Harmen Jacob Beenen draait de brêgen iepen foar de boat dy't Sinteklaas ophelje sil.
It is in hiele eare om dizze put dwaan te meien. Beenen ferwachtet in soad drokte by de binnenkomst fan Sinteklaas, want nei twa jier kin de yntocht wer trochgean.