Twadde Johan de Jong-beam krijt plak yn Nijskoat en moat skaad biede oan kij

Yn Nijskoat wurdt sneontemoarn de twadde Johan de Jong-beam plante. De beam krijt in plak yn de greide, as takomstich skaadplak foar de kij.
De beam is earder útrikt oan Mies de Roode en Kirsten van Lievenoogen. Sy ha tsientallen jierren frijwilligerswurk dien en tal fan ekskurzjes en lessen yn de natuer jûn.
De Roode en Van Lievenoogen hawwe sels in beam en plak útsocht. Der sil in linebeam plante wurde yn in stik greide by Nijskoat om sa de kij yn 'e simmer te foarsjen fan ekstra skaad.
De Johan de Jong-beam is in earbetoan oan biolooch Johan de Jong. Hy hie 36 jier lang in wyklikse natuerrubryk op 'e radio by Omrop Fryslân. Om sjen te litten hoe wichtich de natuer is en bliuwt foar de Omrop, wurdt alle jierren de Johan de Jong-beam útrikt oan it bêste partikuliere natuerinisjatyf fan Fryslân.
De Roode en Van Lievenoogen wienen nominearre foar de Johan de Jong-beam om't sy nei tsientallen jierren frijwilligerswurk noch hieltyd in jeugdich entûsjasme behâlden hawwe.

Yn de sjuery sitte, njonken Johan de Jong sels Annelies van der Goot fan Steatsboskbehear en direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea.
It plantsjen fan de twadde Johan de Jong-beam is sneon 19 novimber om 10.00 oere live te sjen en te hearren yn it programma Op & Ut by Omrop Fryslân.