Resinsje Door het donker: Fraachtekens by de wierheid

"It stik Door het donker yn it Fries Scheepvaart Museum is in earbetoan oan de minsken fan it ferset yn Snits. Tagelyk wurde ek fraachtekens set by de heldedieden fan de yllegaliteit, en mei ek de taskôger by himsels te riede. Want wa is goed en wa net?
Alwer in teäterstik oer de Twadde Wrâldoarloch. Dit kear net allinnich opdat we wach bliuwe moatte, dat striid, moardzjen en diskriminaasje altyd en oeral de kop opstekke kinne.
Dit kear ek om't it Fries Scheepsvaart Museum yn Snits ûntduts dat tachtich jier lyn in bysûndere skiednis yn it museumûnderkommen plak fûn hat. In ferhaal dat wurdich is om trochferteld te wurden.

Yn dat oarspronklike wenhûs oan it Kleinzand yn Snits wenne doetiids nammentlik de famylje Lever. Al daliks belutsen by it ferset tsjin de Dútske oerhearsking en aktyf mei it fersprieden fan yllegale blêden. Ek bea de famylje in ûnderkommen oan Joadske famkes op trochreis nei in feilich adres.
Mem en dochter
By in ynfal wurde heit Henk Lever en ûnderdûkster Rozet IJzerman ôffierd nei Dútslân en fermoarde yn in konsintraasjekamp. Soan Jan, dy't noch krekt ûntsnappe koe, slút him letter oan by in knokploech en wurdt deasketten by in fersetsaksje. Soan Henk junior, dy't al eefkes earder ûnderdûkt wie, einiget nei syn arrestaasje foar in fjoerpeloton.
Allinnich de mem en dochter Meta oerlibje de oarloch.

Peter Sijbenga, dy't de tekst fan dizze foarstelling skreau, woe perfoarst foarkomme dat de famylje Lever net allinnich as goed en heldhaftich delset wurde soe, slachtoffers fan it kwea. Ommers, heit Lever nimt mei syn aksjes sels it risiko dat syn gesin slachtoffer fan syn dieden wurde kin.
Wat is dan noch langer goed? De buorman, arsjitekt Leeman, doart dat bygelyks net oan. Te benaud foar de mooglike gefolgen. Wat is dan fout?
Bûtensteander
Om it publyk in spegel foar te hâlden yntrodusearret Sijbenga hiel handich in 'bûtensteander' yn it fierder op wierheid basearre ferhaal. Dy't as in soarte fan personaazje Puck yn Shakespeare syn A Midsummer Night's Dream de spilers oanhâldend konfrontearret mei har eigen dieden en mieningen, mar dêrby ek it publyk net sparret.

Dat begjint al foardat de eigenlike foarstelling begjint en it publyk byinoar brocht is yn de tún fan it museum, efter de oarspronklike wente fan de famylje Lever. As in soarte fan prolooch wurde de taskôgers konfrontearre mei de ynfal sels.
De flecht fan soan Jan, dy't dêrby prachtich transformearret ta dy saneamde bûtensteander. Hy freget ús as taskôgers daliks wat we hjir eins dogge, sa massaal op strjitte. Dat we faaks ûnbewust wol risiko nimme en dêrmei net allinnich ússels mar ek oaren yn gefaar bringe kinne: "Ga naar huis!"
Fraachtekens
It hiele stik troch bliuwt dizze persoan, sterk spile troch Chris Marijt, as in steurstjoerder fungearjen. Algeduerich fraachtekens pleatsend by de sa goed bedoelde aksjes dy't har op it poadium ôfspylje.
"Besef je wel wat je doet?", liket dochs in rare fraach oan in fersetsheld. Mar ek it publyk moat mei de billen bleat: "Zouden jullie een Jood onderdak geven als op een armlengte van de deurbel de vijand je huis voorbij marcheert?"

Wannear wurdt de wierheid in leugen, in freon in fijân. Ja, letter ja, dan kinne we krekt sizze hoe't ien en oar werklik bard is. Hoewol't Henk Leverman sels wat dat oanbelanget de skiednis op in pypfol hat: it is net mear as 'terugkijken door een troebele lens".
Sijbenga fertsjinnet in komplemint hoe treflik hy de wurden keazen hat, no en dan rjocht yn it hert. Lokkich hat hy dêrby de lichtfuottichheid net út it each ferlern. It hearlike famkespraat tusken dochter Meta en de ûnderdûksters Rozet en Lilian, de beide lêsten mei blond bleekt hier, de dûbele betsjutting fan teesurrogaat. It wie my net bekend.
Ekstra diminsje
It dekôr fan Freerk Bokma, dy't sels hiel fertsjinstlik heit Lever spilet, is sober mar effektyf. Ek dit kear jout in fideoskerm it dekôr in ekstra diminsje. It publyk krijt sa in prachtich sicht op de gong wêrtroch't de persoanen opkomme, mar ek fuortgean. Flechtsje...

Mar datselde fideoskerm besoarget it publyk ek eefkes in nuver momint as ynienen in ynterviewfragmint fertoand wurdt mei de echte Meta Lever. Yndied. Se libbet en wennet noch yn Snits, 95 jier alwer! En ûnderstreket mei har útsprutsen oantinkens nochris de wierheid fan de foarstelling. Oandwaanlik.
Knoffelich
Dochs bliuwt de fraach wêrom't regisseur Lucienne van der Meulen hjirfoar keazen hat. Want as letter mear fragminten toand wurde en ek nochris wat knoffelich yn byld brocht, is my net dúdlik wat dit tafoeget oan de foarstelling.
De persoan Meta Lever, op it poadium fraai spile troch Lisa Tuinier, hat ús ommers al dúdlik makke dat je in oarloch oerlibje kinne troch de fijân wiis te meitsjen dat je fan neat witte. Dat je mei it predikaat ûnskuldich frijút gean. Mar wat is dat krekt, frij? En wat is skuld? Witte jo it noch? Oarloch hellet ommers alles oeral. Gaos!
Wierheid
It ienige dat oerein bliuwt is dat hûs oan it Kleinzand yn Snits. Dat we tenei net mear allinnich as in museum sjen kinne, mar foargoed as it wenhûs fan de famylje Lever. En dêrby de wearde fan wierheid, dy't dizze foarstelling Door het donker ús opsmiten hat.
Alle foarstellingen binne útferkocht, mar Door het donker fertsjinnet in reprize. Moai yn al syn ienfâld!"