Psycholooch: "Minder praten óver kinderen, maar meer mét kinderen"

Charlotte van der Wall © Charlotte van der Wall
Mear as 16 persint fan de Fryske bern jout it libben in ûnfoldwaande, sa docht bliken út ûndersyk. Charlotte van der Wall, klinysk psycholooch en direkteur fan soarchorganisaasje KieN yn Snits, sjocht it werom yn har wurk.
"Ik schrok ervan en herken het ook. Het verraste me niet helemaal, maar het is wel zorgelijk dat Fryslân er zo slecht uitkomt ten opzichte van de andere provincies", sa jout Van der Wall oan.

Tanimming yn oanmeldingen

KieN biedt as soarchorganisaasje spesjalistyske GGZ-help oan jongelju en folwoeksenen. Neffens Van der Wall komme der ek by KieN mear oanmeldingen binnen yn de ôfrûne tiid.
Charlotte van der Wall
Dochs tinkt Van der Wall dat it net allinne in Frysk probleem is, mar ek in lanlike en ynternasjonale trend. "Afgelopen september was ik op een internationaal congres. Dan die je dat de mentale gezondheid van jongeren de afgelopen twee jaar echt is afgenomen."
Dat is soarchlik, seit sy. "Want als het gaat om de ontwikkeling van mentale problemen, is de leeftijd van 15 tot 25 het meest kwetsbaar. Als je daarin psychische klachten ontwikkelt, kun je daar een groot deel van je volwassen leven mee bezig zijn om dat op te lossen."
In bern tusken bekfjochtsjende âlden © Shutterstock.com (wavebreakmedia)
Ek yn de eigen omjouwing sjocht Van der Wall jongerein mei problemen. "Ik ben moeder van twee jongeren van 15 en 18 jaar. Ook zij hebben vrienden en vriendinnen waar het niet altijd goed mee gaat. Ik krijg ook meer vragen uit de privésfeer om even mee te denken, omdat iemand vastloopt en men de weg in hulpverlenersland niet meer weet."

Alden útinoar

It byld fan âlden dy't útinoar binne, net mear goed oer de wei kinne en sa de bern ûngelokkich meitsje, werkent de psycholooch wol. "Dat zie ik in mijn praktijk ook. Ouders maken voor hun gevoel vanuit het belang van de kinderen ruzie. Maar die ruzies zijn helemaal niet in het belang van het kind. Die wil juist dat ouders samenwerken."
Mar dat foarinoar krije is as helpferliener dreech. "Een scheiding doet pijn voor iedereen, die moet je met elkaar opvangen."

Gearwurking yn de soarch

Van der Wall hopet ek dat de soarch yn de takomst better gearwurket. "De jeugdzorg is een heel complex georganiseerd systeem", fersuchtet sy. "Hulpverleners moeten beter samenwerken en minder praten óver de kinderen, maar meer mét de kinderen. We vergaderen veel te veel. En als mens moeten we elkaar een beetje meer met elkaar bemoeien."