Akteur Theun Plantinga: "It giet om wat je meitsje en foar wa"

Akteur, regisseur, poppespiler, teäterdosint, sjonger en B&B-hâlder: de alsidige Theun Plantinga is it allegear. Oer syn karriêre en syn rol yn de foarstelling 'Bijke' fertelt er yn Noardewyn.
Sa'n trije jier lyn kaam Theun Plantinga (1983) werom nei Fryslân. Mei syn partner Mike waard er eigener fan Het Rechthuis yn Rinsumageast, in bed and breakfast. Sels neamt er it in herberch. "It is hearlik, it is echt thúskommen, werom nei de roots", seit er. Plantinga is berne yn Feanwâlden dêr't er oant syn 25ste wenne.
It idee om werom nei Fryslân te gean kaam fan syn freon. "Doe't we it hûs yn Rinsumageast seagen, wienen we ferkocht. Ik miste yn Amsterdam de 'saamhorigheid', it mei syn allen dingen dwaan en Mike is as in echt stedsmantsje út Den Haag ek thús yn de Wâlden."
Ik absorbearre alles: slurpe, slurpe, slurpe.
Theun Plantinga oer it begjin fan syn karriêre
Yn 2003 hie Theun Plantinga syn debút by Tryater yn de famyljefoarstelling 'It mirakel fan Hansje Brinker'. "Tryater wie in geweldich plak, mar doe krige ik de kâns om mei it stik 'De Groote Storm' fan de Firma Rieks Swarte it lân yn te gean. Doe't in produsint sei 'leuk zo'n jongen uit Friesland, maar de volgende keer bellen we niet weer', fanwegen de reiskosten, ha ik de stap nei it westen makke. Ik ha dêr in soad dingen dwaan mocht en altyd fulltime wurke."
Hy wie te sjen yn ferskate produksjes as '101 Dalmatiërs', 'Jip en Janneke de Mjoeziekul', 'Minoes', en 'Tina de Musical'. Yn Fryslân spile er ûnder oare yn de lokaasjefoarstellingen 'Bonifatius' en rockopera 'Tommy'.

Doarpsjonge

"Ik kaam yn Zaandam. Dat wie bêst spannend, want ik bin echt in doarpsjonge, mar ik wol wol myn wjukken útslaan. Soe it my slagje om dy stap te meitsjen? Ik kaam sa by myn âlden wei. Yn heech tempo ha ik mysels as akteur en as minske ûntwikkele. Yn Fryslân hie ik it stimpel fan in Tryater-akteur, der binne hijr minder mooglikheden. Yn Amsterdam learde ik om mei poppen te wurkjen en kaam ik mei ' kleinkunst' yn de kunde, dat woe ik ek wolris dwaan."
Hy wie in jonge hûn. "Ik wie net ferantwurdlik foar de grutte haadrollen. Yn de byrollen koe ik piele en mocht ik mei goeie minsken wurkje. Ik seach nei oare akteurs en learde fan se hoe't se in bepaalde sêne dienen. Ik absorbearre alles: slurpe, slurpe, slurpe. It wie drok, mar as frijgeselle jonge út Fryslân wenjend yn Zaandam hie ik tiid genôch. Ik koe alles oanpakke, want in sosjaal libben hie ik dochs net. Dus wurkje, huppakee, oanpakke."

Burn-out

Ferline jier krige Theun Plantinga in burn-out. "No giet it better hear, al ha ik noch wolris mominten dat ik it wat rêstiger oan dwaan moat. Dat jongehûnachtige sit noch wol yn de kop, mar ik merk oan de rollen dat dat oars wurdt. Ik wurd no frege om de heit te spyljen of sels de pake. En de rollen waarden hieltyd swierder de lêste jierren. Gjin byrollen mear, mar haadrollen. Earder wie it, leuk, dêr komt Theun wer mei in petsje út de kûlisen wei, mei in haadrol hast in oare ferantwurdlikheid. Dan kin ik der gjin oare dingen mear by dwaan. Earder stie ik moarns yn in beukerfoarstelling fan Tryater en spile ik jûns yn Bellevue yn Amsterdam. Ik moast alles priuwe en meimeitsje en dat hoecht net mear."
As bern mocht Theun al graach spylje. "Op kamp hiest fan dy steltsjes en dan wie ik de gekke trou-amnter dy't se troude. En ik wit noch dat sirkus Witova by ús op skoalle kaam en alle klassen in act betinke moasten om dy foar de heiten en memmen op te fieren. Skoalmaster Douwe Kootstra, de skriuwer en ferhaleferteller, soe de boel oan elkoar prate, mar hy sei 'dat moat Theun dwaan.'
Us heit kaam geregeld achter de krante wei om te sizzen dat ik ophâlde moast mei dat kattegejank.
Theun Plantinga oefene as bern al faak typkes
Thús siet de jonge Theun foar de radio mei de koptelefoan stimkes en typkes te dwaan. "Us heit kaam geregeld achter de krante wei om te sizzen dat ik ophâlde moast mei dat kattegejank." Syn âlden lieten him mei fan alles yn de kunde komme. "As bern ha ik nei in foarstelling fan Bassie en Adriaan west, dat ferjit ik noait wer. Bassie kaam yn in lytse brânwachtauto de pyste yn. Elk wie slop fan it laitsjen. Dit is it, dit wol ik, wist ik doe."

Bijke

De foarstelling 'Bijke' spilet er mei Joke Tjalsma, yn regy fan Jos Thie en Bouke Oldenhof skreau de tekst. It stik is goed ûntfongen en in soad foarstellingen binne útferkocht. It giet oer buertgenoaten Agnes en René dy't troch tafal kontakt krije. Hûn Bijke spilet dêrby in grutte rol.
Hoewol't er Jos Thie al hiel lang koe, hie er net earder mei him wurke. "Dat fûn ik hiel spannend. Ik hie it gefoel dat ik wer op 'e nij begjinne moast en fielde my wer in jonkje."
Beide akteurs ha lange lapen tekst. "De earste tweintich siden ha ik in monolooch. Joke en ik ha it beide yn it begjin ferflokt dat it safolle wie. It is ambachtlik toanielspylje. Joke Tjalsma is in kanon, dat nivo ha ik lang net. We binne beide hiel oars. Ik kom út de comedyhoeke wei. It kin my net slapstick genôch. Ik bin net goed yn lyts spyljen, dat kin ik twa sinnen, by de tredde moat der al wat barre. Joke kin goed op in bankje sitte en wat murmelje."
De foarstelling Bijke is noch te sjen oant heal desimber.
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it YouTube. Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
Yn coronatiid en dêrnei mei de burn-out tocht de akteur deroer om mei it fak op te hâlden. "Alles wie swart, mar ik bin der toch net klear mei. No mei Joke binne we lekker oan it toeren." Foar de burn-out waard er senuwachtich fan in lege aginda, no sjocht er wol hoe't it komt.
"We spylje no moai mei Bijke en sa no en dan doch ik wat presintaasjewurk en we ha fansels de herberch. Wol ha ik absolút de driuw om dingen te meitsjen. Ik ha in idee foar in foarstelling by de Eeltsjemar. It giet der net om oftst yn grutte bakken stiest of yn in lyts sealtsje. It giet om wat je meitsje en foar wa. Kinst leuk yn in grut draaidekôr stean, en dat ha ik ek dien, mar jou my mar in stoel. Dan fertel ik it ferhaal wol."
Theun Plantinga hâldt fan harksankjes, sa docht bliken út syn syn muzyklist:

De list fan Theun Plantinga

Artyst Nûmer
Dusty Springfield If you go away
Wim Sonneveld Het hondje van Dirkie
Linda Ronstadt en Aaron Neville Don't know much
Clouseau Wil niet dat je weggaat