HEA! Sterke freondinnen

HEA! Sterke freondinnen
Se binne freondinnen fan inoar, traine tegearre en wenje flakby inoar yn Ljouwert. Anja Zijlstra en Liza van Balen binne twa fan de sterkste froulju fan Nederlân en dogge op heech nivo oan de sport strongwoman.
Anja moast nei in blessuere nei de sportskoalle om har rêch sterker te meitsjen. Dêr kaam se yn oanrekking mei de krêftsport en sy en Liza ha inoar moete by de sportskoalle fan Wout Zijlstra. Se ha in goeie klik en snappe inoar yn dizze sport, mar ek wat it foar je priveelibben betsjut.