Ferhalejûn: "Het is een ramp, maar we zijn niet bang voor de dood"

Karin van der Burg © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Hast elkenien hat wol in momint wêrop't it libben in grutte draai nommen hat. Dat is dit jier it tema fan de Ferhalejûn, dy't takom freed wer hâlden wurdt. Karin van der Burg út Stiens hat ek in momint fan omkear meimakke.
Dat wie doe't har man Rob te hearren krige dat hy slim siik wie en net mear better wurde soe. Dat is yntusken trije jier lyn. "Ik wist toen wat het betekent als mensen zeggen dat de grond onder je voeten vandaan wegzakt."
Har hiele perspektyf feroare fan de ien op de oare dei. "We zouden niet meer samen oud worden." Se fertelt har ferhaal om't se de wize wêrop't har man mei de kommende dea omgie, bot bewûndere.
"Het gaat om de balans. Aan de ene kant moet je niet je kop in het zand steken voor het grote verdriet, maar je moet je leven er ook niet door laten leiden. Het is ook belangrijk om je dingen door te blijven doen. Dit kon hij heel goed."
Harkje nei it ferhaal fan Karin van der Burg
Ferhalejûn
It is yntusken in echte tradysje wurden: de Ferhalejûn. De earste edysje wie yn 2018 by de start fan Kulturele Haadstêd en no fynt it evenemint alle jierren plak. Op tsientallen plakken yn Fryslân wurde takom freed 18 novimber ferhalen ferteld. Tema dit jier is 'de omkear'.
Omrop Fryslân stiet yn de oanrin nei de Ferhalejûn stil by in oantal ferhalen yn in spesjale rige. De ferhalen wurde moandei oant en mei tongersdei útstjoerd op de radio yn it programma No Yn Fryslân. Harkje hjir nei it ferhaal fan Reitse Reitsma, Aaltje Wildschut en Inna Brjukhovetska.