Gurbe Douwstra komt mei in krystliet: "As it goed is, draaie se it alle jierren wer"

Gurbe Douwstra © Steven Zwart
Hy sit al desennia yn de muzyk, mar foar Gurbe Douwstra wurdt it in primeur: hy wurket oan in krystferske. En syn dochter is de skuldige.
"De lêste jierren geane we faak mei in hiele famyljeploech op winterfakânsje", seit Douwstra. "Ferline jier wienen we dêr mei de krystdagen en doe sei se: heit, it wurdt tiid datst in krystferske skriuwst."
Dêr siet wat achter: "In krystferske komt alle jierren werom. Hoechst it mar ien kear te skriuwen en as it goed is, dan draaie se it alle jierren wer. Dat is ek goed foar de royaltys."
Ik wol dochs graach ferskes meitsje dy't ik 'naadleas' yn myn repertoire passe kin.
Gurbe Douwstra
Sels hie de Fryske trûbadoer noait sa'n hiel soad mei krystferskes. "Dat kinst net it hiele jier troch sjonge. It is wat raar om soks yn de maitiid te sjongen en ik wol dochs graach ferskes meitsje dy't ik 'naadleas' yn myn repertoire passe kin."

In Gurbe-krystlietsje

Dochs is it no safier. "Ik begûn deroer nei te tinken en op in gegeven momint hie ik wol wat in idee oer in alternatyf krystlietsje. Doe bin ik mar begûn te skriuwen en dêr rûgele wat út."
Wat alternatyfs wurdt it dus. "In Gurbe-krystlietsje", sa't er it sels omskriuwt. "In bytsje mei in knypeach, mei in synysk-iroanyske tekst. En dêrtsjinoer leit der in fet arranzjemint oerhinne. Dat is wat in kontrast."
De plaat is no noch folop yn produksje. "We binne ferline wike moandei begûn mei in hiel soad snaarpartijen. Trije ferskate gitaren, in ukelele, in mandoline. Fierder hat it strykkwartet Regina Forte al in hiele partij ynspile. Dizze wike is de sang derby kaam."

Ek yn it Hollânsk?

De sang is yn it Frysk, mar Douwstra tinkt deroer nei om it twatalich te meitsjen. "Ik sei tsjin myn producer Harry Zwerver en tsjin Peter van der Zwaag: dit liet freget hieltyd mear studiotiid, dit wurdt in net te beteljen produksje. It kin foar my allinnich út as ik 'm yn it Hollânsk útbring. Peter sei: wêrom dochst dat net?"
Dat sette Douwstra oan it tinken. Hy twivelet noch hieltyd wat. "Mar ik ha wol in Hollânske tekst makke. Dy nim ik ek op, mar ik wol 'm dan earst tsien kear werom hearre."
It hiele projekt jout him yn alle gefallen in soad foldwaning. "Ik wie myn drive wat kwyt. Mar sûnt we hjir serieus mei oan de slach binne, fyn ik dit dochs wer it moaiste fak fan de wrâld. De wille yn it muzykmeitsjen is werom."
Ein 2020 spile Gurbe Douwstra twa lieten yn de histoaryske setting fan it 100 jier âlde Woudagemaal: