Doarpswurk-aksjeplan set yn op Steateferkiezingen en wol dat partijen kleur bekenne

Fertsjintwurdigers fan sa'n 60 Fryske doarpsbelangen kamen woansdei byinoar om Stichting Doarpswurk te stypjen. Der komt in aksjeplan yn de oanrin nei de Provinsjale Steateferkiezingen.
De oanwêzigen wolle foarkomme dat Stichting Doarpswurk fuortbesunige wurdt. Dizze stichting set him yn foar doarpshuzen, pleatslik belangen, duorsumens en leefberens. Dochs ferliest de stichting oer in pear jier de provinsjale subsydzje.
"De provinsje hat sein leefberens net as in kearntaak te sjen, al is de útspraak letter wer wat nuansearre", seit foarsitter Theo Andreae. "Ik tink dat it provinsjaal bestjoer en aanst de nije Steaten de fraach beäntwurdzje moatte watfoar provinsje sy wêze wolle."
"Unbesteanber"
De provinsjale koälysje fan CDA, FNP, VVD en PvdA hawwe har bestjoersakkoart 'Lok op 1' neamd, seit Andreae. Dêrmei woe it provinsjebestjoer ynsette op sterke sosjale struktueren, sosjale gelikens en leefberens. Alles foar de 'brede wolfeart.'

"Dat wolwêzen soene wy tige wichtich fine moatte", sa wiist Andreae oan. "Wy binne in plattelânsprovinsje en ik tink dat it ûnbesteanber is dat wy net mear struktureel ynvestearje yn it fersterkjen fan de leefberens."
Aksjekomitee strûpt de mouwen op
In aksjekomitee frege de oanwêzigen yn it doarpshûs fan Raerd om mei ideeën foar in aksjeplan te kommen.
Lammert Dijkstra fan it komitee fertelt dat ien fan de plannen it meitsjen fan in soarte 'kieskompas' is. "Om sjen te litten hokker partijen foar Doarpswurk kieze. As men it yn gemeenten efter de earen krijt, kinne dy ek wer tsjin de provinsje sizze dat de subsydzjestop der net ôf moat. It is wichtich om leefberens te stypjen mei Doarpswurk."

It komitee set ek yn op mear nammebekendheid, mear dwaan op sosjale media. Der waard sels it idee oppere om in striidliet te meitsjen. In 'tinktank' sil fierder mei it benei kommen fan politisy. Sa moat dúdlik wurde wat alle kandidaten foar de Steateferkiezingen wolle. "Sa't wy witte: dy partij stipet it, en dêr sille wy har oan hâlde."
Dêr't de oerheid net yn foarsjocht
Foarsitter Andreae leit nochris út wat de wearde fan de stichting is. "Wy operearje ûnôfhinklik en steane los fan de oerheid. Wy steane njonken inisjatyfnimmers en wy stypje ek faak plannen dy't ûntsteane om't de oerheid der net yn foarsjocht."

Dat giet net altyd om jild, mar ek om oare stipe. "Tink oan: hoe bring ik myn frijwilligersbestân wer op oarder, hoe soargje ik foar bestjoerlike kontinuïteit yn myn klup, wat betsjut wet- en regeljouwing foar ús? Wy diele dy kennis mei oaren. Wy lobbye aktyf om te sjen oft wy ekstra stipemaatregels los krije kinne, bygelyks mei de enerzjykrisis."