Darter Danny Noppert kin net stunte tsjin nûmer ien fan de wrâld

Danny Noppert © ANP
Darter Danny Noppert is útskeakele op de Grand Slam of Darts yn it Ingelske Wolverhampton. Tsjin de nûmer ien fan de wrâld, de Welshman Gerwyn Price, waard it 8-10.
Noppert begûn goed oan de wedstriid. De Jouster moast de earste leg wol oan Price litte, mar kaam dêrnei op in 3-1-foarsprong. De legs waarden oant 5-4 earlik ferdield en sa hold Noppert de foarsprong knap fêst.
Mar it waard noch moaier foar de Jouster: Noppert pakte ek leg 10 en 11 en kaam dêrtroch op 7-4. It wie it sinjaal foar Price om der in skepke boppe-op te dwaan. De Welshman kaam by 8-8 sels op likense hichte.
Noppert wie it doe hielendal kwyt en moast ek de lêste legs oan Price litte: 8-10 en dêrmei wie Noppert útskeakele.