Basisskoalle De Trieme yn Sint Jânsgea 100 jier werom de tiid yn

Bern yn de klasse © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Kristlike basisskoalle De Trieme yn Sint Jânsgea bestiet 100 jier. Dat fiere de masters, juffen en bern troch yn klean út de foarige iuw nei skoalle te kommen.
"Ik fyn it wol wat jokjen dy âlde pakjes", seit ien fan de bern. In groepke learlingen sammelet him op it plein by de yngong fan de skoalle. Tsientallen bern binne ferklaaid en beprate harren outfit. "Ik ha in pet op de holle dy't noch fan myn pake west hat", seit Klaas-Anne út groep 7 en 8.
"Der sitte ek noch fan dy âlde klompen fan froeger by. It sit my net lekker, want ik bin dit net wend. Dy geitewollesokken jokje my ek." Klaas-Anne hâldt op fan praten as ien fan de juffen it plein oprint. Mei in grutte kowebel hellet sy alle bern nei de foardoar ta. "Allegear nei binnen ta, want it is al hast tiid!"
De Trieme yn Sint Jânsgea bestiet 100 jier
Binnen krije de bern les yn de âlde styl fan eartiids. De iPads en skriften ha romte makke foar in griffel en laai. "Ik wol no graach it wurd 'eetwaren' sjen", seit master Sietze Greidanus, wylst hy mei in strange blik de klasse ynsjocht. De bern skriuwe it wurd op harren laai. "Wy jouwe sels les yn de stavering fan doe", seit Greidenus. "Tsjintwurdich is it fansels 'etenswaren', mar wy dogge 'eetwaren'. Ik ha dat fansels allegear opsocht en hoopje de bern sa wat leare te kinnen."

"De bern hawwe no net sa'n soad te kleien"

Greidanus nimt de stap yn de tiid serieus en mei in liniaal slacht hy op in âlde kateder. "Wy hoopje dat de bern wat meikrije oer de tiid fan doe. Dat it allegear stranger wie en dat de bern eins net sa'n soad te kleien ha dizze dagen." Greidanus hâldt op fan praten en sjocht wer de klasse yn. "Ik wol no 'kiespijn' sjen."
De bern fan de basisskoalle yn de klasse © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"Ik fyn it prachtich dat wy ferklaaid meie," seit Senne wylst sy it befel fan de master opfolget. Sy hat spesjaal foar de dei in blomkesjurk oanlutsen en strikjes yn it hier dien. "Sa kinne wy ek sjen hoe't it yn dy tiid wie. Dat is foar my hiel frjemd, mar foar beppe wie dat gewoan. Ik fyn it moai dat de skoalle dit docht."
De bern sille de skoalle yn © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De hiele wike binne der aktiviteiten op de skoalle, dy't op 15 novimber eksakt 100 jier wurden is. "Hûndert jier lyn hat der in hiele striid west om it kristlike ûnderwiis hjir te krijen", seit juf Saskia de Jong. Sy hat drok dwaande west om alle feestlikheden te plannen. Tiisdei wiene der Aldhollânske spultsjes en freed is der in reüny.
"Net elkenien woe de skoalle hjir ha", fertelt de juf. "It wie fansels in oare tiid en dy striid oer it type ûnderwiis wie grut. Mar it is der no noch en dêr meie wy grutsk op wêze. Skoallen hâlde op fan bestean, want it is dreech om doarpsskoallen rûn te krijen. Mar gelokkich binne wy der noch en wy ha in soad wille. Hooplik komme der noch hûndert jier by."