Feanster dûnslearares Loraine Kammeron bringt eigen berneboekje út

It boekje © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De Feanster dûnslearares Loraine Kammeron koe foar har beppesizzer gjin boekje fine dat oer fuotbal giet en dêr't kleure bern yn foarkomme. Dus besleat se sels in boekje te skriuwen: Faya en Noah, voetballen en dansen.
"Ik was op zoek naar een boekje voor mijn kleinzoon NoahRae", fertelt Loraine Kammeron. "Ik was bij heel veel verschillende winkels geweest en kon gewoon nooit wat leuks vinden."
Se wie spesifyk op syk nei in boekje oer fuotbal, mei in haadpersoan dy't in bytsje op Noah liket. "Hij is een bruin jongetje, en dat kon ik niet vinden."
Feanster dûnslearares bringt eigen berneboekje út
Loraine hat it boekje earst allinne foar har beppesizzer makke, mar no komt it boek ek beskikber foar oare bern. "Het was eerst nog meer voor ons zelf. Ik gaf het boekje gewoon door. Totdat iedereen het zelf ook wilde hebben."

Basearre op eigen libben

Yn it boek belibje Faya en Noah allegear aventoeren. De haadpersoan Faya is basearre op Loraine sels as dûnseres. It personaazje NoahRae is basearre op har broer Lloyd, dy 't ûnder oare foar Feyenoord en jeugdteams fan it Nederlânsk alvetal spile hat.
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De skriuwster wol ek in boadskip meijaan. "Het gaat over het realiseren van je dromen. Als je goed gelooft in je droom en de juiste stappen zet kun je heel veel bereiken."
De presintaasje fan it boek 'Faya en Noah, voetballen en dansen' is op 19 novimber.
Loraine Kammeron oer har boek