HEA! In eigensinnige Wâldpyk

Hea! Ate de Boer
Wat jeie, wat ielrikje, fjoerke stoke en op de gitaar ferskes spylje mei selsmakke teksten. Dat binne de saken dy't Ate de Boer út Boelensloane it leafste docht. De eigensinnige Wâldpyk libbet it libben sa't hy it wol.
Yn syn blokhutte by it fjoer komt Ate ta syn Fryske teksten oer it libben, de leafde en it langstme. Syn ferstoarne mem is dêr altyd tichtby him. Se hâlde fan waarmte, dêrom stiet de urn neist de houtkachel.