Ferhalejûn: "Het helpen van mensen geeft me afleiding van de oorlog"

Inna út Oekraïne © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Hast elkenien hat wol in momint wêrop't it libben in grutte draai nommen hat. Dat is dit jier it tema fan de Ferhalejûn, dy't takom freed wer hâlden wurdt. Inna Brjukhovetska út Oekraïne hat ek in momint fan omkear meimakke. Se wennet op it stuit yn Harns.
Se is alwer sân moanne yn Harns mei har soan fan 12 en dochter fan 16 jier. Har man moat yn Oekraïne bliuwe. Harns is gjin ûnbekend plak foar har: har mem wennet hjir al jierren om't se mei in Nederlanner troud is. Inna socht har mem eltse simmer op.
Se kin ek al in aardich wurdsje Nederlânsk en kin dêrom goed oare flechtlingen út Oekraïne helpe dy't hjir ek binne. Yn Harns en omkriten binne dat der sa'n hûndert. Sa hat se der foar soarge dat de biblioteek yn Harns in hoeke hat mei Oekraynske boeken, giet se mei minsken mei nei it útstjoerburo foar wurk of is se gewoan in lústerjend ear.
Se fynt it moai om minsken út har eigen lân te helpen. It jout har in goed gefoel én ôflieding fan de situaasje yn har eigen lân.
Harkje nei it ferhaal fan Inna Brjukhovetska

Ferhalejûn

It is yntusken in echte tradysje wurden: de Ferhalejûn. De earste edysje wie yn 2018 by de start fan Kulturele Haadstêd en no fynt it evenemint alle jierren plak. Op tsientallen plakken yn Fryslân wurde takom freed 18 novimber ferhalen ferteld. Tema dit jier is 'De Ommekear'.
Omrop Fryslân stiet yn de oanrin nei de ferhalejûn stil by in oantal ferhalen yn in spesjale rige. De ferhalen wurde moandei oant en mei tongersdei útstjoerd op de radio yn it programma No Yn Fryslân. Harkje hjir nei it ferhaal fan Reitse Reitsma en Aaltje Wildschut.