Laweidirekteur Avezaat mei pensjoen: "Twintig gouden, maar ook turbulente jaren"

Stef Avezaat © Maartje Roos
Direkteur Stef Avezaat fan skouboarch De Lawei giet takom jier mei pensjoen. Hy hat dan tweintich jier by it teäter yn Drachten wurke.
It ôfskied docht Avezaat wol wat. "Het gaat gepaard met enige weemoed. Het waren twintig gouden jaren waarin ik leiding mocht geven aan een weergaloos en fantastisch team. Het waren ook turbulente jaren", seit Avezaat. Hy doelt dêrmei op de hichtepunten en de djiptepunten.

Ferboukrisis

Yn syn tiid hat De Lawei in transformaasje ûndergien. Grutste feroaring wie de útwreiding en de ferbouwing fan de skouboarch, sa om it jier 2014 hinne. Dy gie net sa't it wêze moast en dat wie wat Avezaat oanbelanget ek in djiptepunt yn syn karriêre by De Lawei.
Troch in skeel mei de oannimmer duorre alles langer. Omdat De Lawei net tefreden wie mei it wurk fan de earste oannimmer, stapten se oer op in oare oannimmer. Dat hie juridyske konsekwinsjes.

Simmerdeis en gearwurking mei Orkater

Hichtepunt is wat Avezaat oanbelanget it festival Simmerdeis en de koproduksje 'Het Verdriet van de Zuiderzee' fan syn skouboarch mei teäterselskip Orkater.

Fielt him in Fries

Avezaat nimt takom jier op 1 juny ôfskied. Hy bliuwt nei syn pensjoen yn Fryslân wenjen. Avezaat dy't oarspronklik út Amsterdam komt, fielt him nei al dy jierren in Fries.
Hy bliuwt wol lid fan de lanlike Raad voor Cultuur dy't it regear en it parlemint advys jout oer keunst, kultuer en media.