Heit en mem holden rekken mei allinne in staazje yn Ierlân, mar dat rûn oars

Andrea Elzinga fan Ierlân © Omrop Fryslân
Andrea Elzinga fan Garyp soe mar 10 moannen yn Ierlân wêze foar in staazje, mar wennet dêr yntusken hast 14 moannen. "Wy moatte mar sjen wêr't it einiget", seit sy optein.
De 21-jierrige Garypster wennet op dit stuit yn it plakje Carrigtwohill, oan de súdkant fan Ierlân. Nei it fuortset ûnderwiis yn Burgum folge sy de hotelskoalle yn Ljouwert. Dêr moast sy staazje foar rinne en sa kaam it bûtenlân yn byld.
"Ik woe altyd al nei Ierlân ta. In kollega op Flylân sei: do moast eins dat bedriuw efkes in mailtsje stjoere, dêr haw ik ek staazje rûn en it wie hartstikke leuk. Dat die ik en ik krige fuort in mailtsje werom: sy woene my wol hawwe", seit Andrea. En sa maklik gie it.
De kar foar Ierlân kaam net hielendal út de loft fallen. Andrea hie der al ris west mei fakânsje en fielde hat oanlutsen troch it lân, de muzyk en de omjouwing. It past by har, sa wie har gefoel.

Staazje op in lúkse resort

Andrea kaam by Fota Island Resort terjochte mei 130 keamers en 130 húskes, trije restaurants, in spa en trije golfbanen. Sy skreau dêr ek har ôfstudearstaazje. Sy begûn by de resepsje, mar socht har wei hegerop.
Nei de staazje kaam der in liedingjaande funksje frij en dy koe se krije. Op dit stuit jout Andrea lieding oan it team fan de resepsje. Dat wie wol efkes wennen, mar it is yntusken ek moai om te dwaan. Alle dagen binne wer oars.
Andrea jout sels lieding oan Ierske kollega's dy't âlder binne as har, mar de Friezinne wurdt akseptearre en it rint goed. Op it resort fynt sy in soad fariaasje yn it wurk, ek mei alle ferskate doelgroepen dy't der komme: it rint fan famyljes oant trouwerijen en pearkes.
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
Sels wennet Andrea yn ien fan de húskes op Fota Island. Sy hat in soad leuke kollega's en dat binne ek foar it grutste part har sosjale kontakten. Efkes gesellich de stêd yn, nei de tsjerke of nei de sportskoalle.

Hegerop

De staazje duorre mar tsien moannen, mar Andrea bleau hingjen. "Sy hawwe my in baan oanbean en ik wie eins noch net útleard hjir. Ik haw safolle ûnderfining opdien, dat ik noch wol folle mear ûnderfining opdwaan woe. Dêrom bin ik bleaun."
Heit en mem fine it moai wat Andrea docht, mar misse har ek wol. De famylje hat ek in pear kear op besite west: sy stiene fersteld fan alle lúkse op it resort.
Andrea Elzinga fan Ierlân
Andrea mist it thúsfront ek wol, lykas it korps, de follybal en it doarp. "Mar ik haw in pear kear thús west, dus dan is it ek wer goed. It thús wêzen mei heit en mem, myn broer, pake en beppe en freondinnen. Gewoan de minsken om je hinne, dy mis ik wol. Mar mei de krystdagen bin ik in pear dagen thús."

Ieren ferskille net sa mei Friezen

Dochs ferskille de minsken op Ierlân net hiel bot fan Friezen, tinkt Andrea. Beiden like nochteren. Yn de omgong wol maklik, mar krekt as by Friezen: as je wat fierder komme wolle, dan moatte je wol wat mear muoite dwaan.
Ik haw in soad leard, mar ek in soad minsken kennen leard.
Andrea Elzinga
"De minsken binne hartstikke leaf en sy tinke goed om my. En elts tinkt oan inoar", seit Andrea. "Ik haw in soad leard, mar ek in soad minsken kennen leard."
Ek fan de omjouwing genietet sy alle dagen. "It is prachtich. It is sa heech hjir, soks hawwe je yn Fryslân net. Om dat yn it echt te sjen is sa moai."