Proef mei keunstrif by Flylân smyt spektakulêre resultaten op

In stik keunstrif op de kade © Oscar Franken
De proef mei in keunstrif op fjouwer proefflakken op de Eierlandse gronden tusken Teksel en Flylân smyt yn trochsneed fiif kear safolle fisken op as op it sân deromhinne. En dat is net alles, want it tal soarten dat op it rif sels groeit, is ek hiel grut. Der binne ek mear seehûnen sjoen.
It giet hjir om in proef fan ûndersikers fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ) en de Rijksuniversiteit Groningen (RUG) foar it projekt Waddenmozaïek. De keunstriffen binne makke fan parrehout en binne sa'n trije meter heech.
Earder kaam hout, mar ek fean en stiennen de Waadsee yn troch de rivieren en dat foarme in ûndergrûn dêr't fan alles op groeie koe. Dit eksperimint toant oan dat dit soarte fan struktueren hiel goed binne foar it bioferskaat. Natuurmonumenten, ek belutsen by it ûndersyk, fynt de resultaten boppe ferwachting.

"Verrassing"

"Tot onze verrassing blijken de bomenriffen al zes maanden na de plaatsing ware hotspots van biodiversiteit geworden. Mosdiertjes, mossels, anemonen en zeepokken bedekken het hout van de hogere delen van de riffen, terwijl macroalgen vooral aan de basis voorkomen", seit NIOZ-ûndersiker Jon Dickson dy't it ûndersyk útfierd hat.
Keunstriffen op it skip © Oscar Franken
Ek Tjisse van der Heide, heechlearaar kustekology by de Rijksuniversiteit Groningen, is entûsjast. De beamriffen hawwe seis moannen yn it wetter lein. "Mar we sjogge no al dat der mear fisksoarten by de riffen sitte, mear as op it sân derneist, lykas ielsoarten en steurgarnaal."
Van der Heide is benammen fernuvere dat it sa hurd giet. "Mei de keunstriffen meitsje we eins de âlde siteuaasje nei. Earder kaam der wol oan't 10.000 kúb hout yn it jier fia de rivieren de Waadsee opdriuwen, mar dat is ôfsletten mei de Ofslútdyk en de Lauwersmar. Dus wat bart der as je sa'n systeem werombringe?"

Bioferskaat

De heechlearaar neamt de resultaten belangryk, mar wiist der wol op dat it om earste resultaten giet. "Mar we kinne ús yntinke as it sa posityf bliuwt, dat it in potinsjele behearsmaatregel is. Der wurdt al langer praat oer it heryntrodusearjen fan stiennen, dat is net hoe't it earder wie, mar dêr komt ek in protte bioferskaat op ôf. Dit soe in alternatyf wêze dat tichter leit by hoe't it histoarysk wie. Boppedat it giet om parrehout en en dat brekt ek wer ôf."
De ûndersikers folgje de proef noch twa jier. "We binne ek benijd hoe't it hout him hâldt. Guon riffen kinne ek yn it sân ferdwine, se stean yn de geulen en dy binne altyd yn beweging."
Tjisse van der Heide