Nij fers fan de Dichter fan Fryslân: 'Tongebrekker'

Sigrid Kingma © Dichter fan Fryslân, Reyer Boxem
It sande gedicht fan de Dichter fan Fryslân hyt 'Tongebrekker'. Sigrid Kingma oer it fers: "In dichter hat ellinde nedich om oer te skriuwen, sizze se, mar der is ek soks as tefolle kar-út. Foar wa't it allegear net mear byhâldt, biedt de Dichter fan Fryslân in rymjend oersjoch fan de lêste ynsidinten."
Tongebrekker
Nei Trinus Riemersma
'Ik kin net oer gedonder
Ik kin der noch minder sonder'
Hy hie gewoan gelyk mei syn gedonder:
in oanhâldende slykstream en we sitte derûnder.
Iisberchslaad oerlibbet Britske plúsjeplakkers
fakânsjefreonen wurde kopskopkakkers
ynsensitiviteitsproblematyk
wat langer it wurd, wat minder panyk
besykje ierdbevingsynspeksje, want
kinst fluitsje nei ynflaasjekorreksje.

Skriuw yn op in ynspiraasjesesje
tsjin dy simmertiidhjerstdepresje
bingewatch oarlochspropaganda nijs
yn de yncheckrige foar in fleantúchreis
broadsje lavawoarst giet firaler
as Den Haach nei de fuotbalfinale.
Elkenien is etysk dieder
slavedriuwer de heechste bieder
ramptoerist krijt keuzestress:
in reinbroek of dochs cocktaildress
taslachslachtoffers út de moade
selsscankassa mist streepkeskoade.
De ûnnochtsiker hat neat te lijen
sûkelaarjepipernuten lizze by de ierdbeien
en foar elts lestich lang wurd
is der ien koarte ferfanger
mar dat klinkt sa freeslik hurd
net oer de tonge te krijen.
It projekt 'Dichter fan Fryslân' is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.
Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de webside dichterfanfryslan.nl. Sigrid Kingma is de tredde Dichter fan Fryslân. De earste wie Eeltsje Hettinga, dy't foar syn wurk de Gysbert Japicxpriis krige en dêrnei wie Nyk de Vries de Dichter fan Fryslân.