HEA! Sybren syn winkel moat ticht

HEA! Sybren syn winkel moat ticht
De winkel fan Sybren en Andrea Venema is yn Makkum in begryp. Sybren hat 20 jier ferlyn de winkel fan heit oernaam en it bedriuw is yntusken al mear as 60 jier yn de famylje. Spitigernôch moatte se de doarren slute.
Sûnt de opkomst fan ynternet en dêrnei de coronajierren der oerhinne, kamen se der achter dat it net mear helber is. Ek de rêdingsaksje mei in fleurich ferske en fideoklip fan Arie Kuipers, wie net genôch om de boel draaiende te hâlden. Mei pine yn it hert moatte se ôfskied nimme.